De skepping
Yn it begjin hat God de himel en de ierde skepen. De ierde wie leech en sûnder foarm. It tsjuster lei oer de ôfgrûn en Gods wyn sweve oer it wetter.
Doe sei God: Lit der ljocht komme en der kaam ljocht. En God seach dat it ljocht goed wie, en God makke skieding tusken ljocht en tsjuster. God neamde it ljocht dei en it tsjuster neamde Er nacht. Sa waard it jûn en moarn: ien dei.
Doe sei God: Lit der tusken de wetters in ferwulft komme, in skieding tusken wetter en wetter. Sa makke God it ferwulft. Hy makke skieding tusken it wetter dat ûnder en it wetter dat boppe it ferwulft wie. En it wie sa. It ferwulft neamde God himel. Sa waard it jûn en moarn: in twadde dei.
Doe sei God: Lit it wetter dat ûnder de himel is op ien plak gearrinne, dat it droege boppe komt. En sa kaam it. God neamde it droege lân en it wetter dat gearrûn wie, neamde Er see. En God seach dat it goed wie. Doe sei God: Lit de ierde him grienje mei jong grien, mei gewaaks dat sied draacht, mei fruchtbeammen dy’t neffens eigen aard frucht jouwe, dêr’t sied yn sit, dat op ’e ierde falt. En sa kaam it. De ierde liet jong grien útsprute, gewaaks dat sied draacht neffens eigen aard, en beammen dy’t frucht drage, mei sied deryn, neffens eigen aard. En God seach dat it goed wie. Sa waard it jûn en moarn: in tredde dei.
Doe sei God: Lit der ljochten komme oan it himelferwulft om ûnderskied te meitsjen tusken dei en nacht. Hja moatte tsjinje as tekens, sawol foar fêste tiden, as foar dagen en jierren, en hja moatte ljochten wêze oan it himelferwulft om ljocht te jaan op ierde. En sa kaam it. God makke de beide grutte ljochten: it grutte ljocht om de dei te behearskjen en it lytsere ljocht om de nacht te behearskjen en ek makke Er de stjerren. God sette se oan it himelferwulft om ljocht te jaan op ierde, en om de dei en de nacht te behearskjen en ûnderskied te meitsjen tusken ljocht en tsjuster. En God seach dat it goed wie. Sa waard it jûn en moarn: in fjirde dei.
Doe sei God: Lit it wetter tille fan libben en litte der fûgels fleane boppe de ierde yn ’e loft by it ferwulft lâns. Sa skoep God de grutte seemeunsters en alle krioeljend libben dêr’t it wetter fan optilt, allegearre neffens eigen aard en alles dat wjukken hat, allegearre neffens eigen aard. En God seach dat it goed wie. Dêrop segene God har en sei: Wês fruchtber, win oan yn tal en meitsje it wetter yn ’e see fol; en lit de fûgels tanimme op ierde. Sa waard it jûn en moarn: in fyfte dei.
Doe sei God: Lit út de ierde libbene wêzens fuortkomme, allegearre neffens eigen aard: fee, krûpende bisten en wylde dieren fan ’e ierde, elk neffens eigen aard. En sa kaam it. God makke de wylde dieren fan ’e ierde neffens har aard, it fee neffens syn aard en alles dat oer de grûn krûpt neffens syn aard. En God seach dat it goed wie.
Doe sei God: Lit ús minsken meitsje nei ús byld en likenis en lit dy hearskje oer de fisken yn ’e see, oer de fûgels yn ’e loft, oer it fee en oer de hiele ierde en oer alles dat oer de ierde krûpt. Dat sa skoep God de minske nei syn eigen byld. Nei it byld fan God hat Er him skepen. Manlik en froulik hat Er har skepen. Doe segene God se en Hy sei tsjin har: Wês fruchtber en win oan yn tal. Meitsje de ierde fol en tsjinstber. Hearskje oer de fisken yn ’e see, oer de fûgels yn ’e loft en oer alle libben dat him op ierde beweecht.
Fierders sei God: Sjoch, alle sieddragend gewaaks op ’e hiele ierde jou Ik jimme en alle beammen mei fruchten, dêr’t sied yn sit, dat sil jim iten wêze. Mar de griene spruten fan it gewaaks, dat is iten foar alle dieren op ’e ierde, foar alle fûgels yn ’e loft en foar alles dat libbet, dat oer de ierde krûpt. En sa kaam it. Doe seach God alles dat Er makke hie, en sjoch: it wie tige goed. Sa waard it jûn en moarn: de sechste dei.