1Mei rjocht binne de Egyptners dan ek straft mei dat soarte fan skepsels,
en pleage troch ûntelber ûngedierte.
2Ynpleats fan sa’n straf lieten Jo jo eigen folk wat goeds takomme;
om har skroeiende honger te ferhelpen
hawwe Jo kwartels nei harren tastjoerd, bûtenwenstich iten.
3Wylst by de Egyptners – hoe hongerich as se ek wienen – alle sin oan iten oer wie,
as se dy fize bisten seagen, dy’t op har ôfstjoerd wienen,
krige jo folk, al hienen se ’t ek efkes krap,
bûtenwenstich iten tastjoerd.
4Sa moast it wêze: de krapte dêr’t de earsten, de ûnderdrukkers, mei sieten, wie neat oan te dwaan,
mar foar de oaren wie ’t genôch, dat se even ûnderfûnen, hoe slim har fijannen tamtearre waarden.
5Sels doe’t de heislike woede fan wylde bisten har trof,
doe’t se omkamen troch biten fan kronkeljende slangen,
bleau jo grime net oan ’e bittere ein ta.
6Om har te warskôgjen waarden se in setsje yn ûnrêst brocht,
mar se hienen in heilsteken om harren de ferplichtings fan de Wet yn ’t sin te bringen.
7Dy’t him dêrop rjochte, waard net rêden troch wat er seach,
mar troch Jo, de Rêder fan ’e wrâld.
8En sa hawwe Jo ús fijannen goed bybrocht,
dat Jo it binne, dy’t rêde út alle kwea.
9Wylst dy lju deabiten waarden troch sprinkhoannen en miggen
en gjin inkel middel har rêde koe,
om’t se fertsjinnen mei sok ûntúch straft te wurden,
10wie jo folk sels de tosken fan fergiftige slangen treast,
want jo barmhertichheid kaam har te help en makke har wer better.
11Om har jo wurden wer yn ’t sin te bringen, krigen se wol in pjuk,
mar al gau wienen se dêr wer oerhinne.
Oars soenen se derta ferfalle kinne en ferjit alles
en sadwaande útsletten wurde fan jo goedgeunstigens.
12It wienen gjin krûden en pleisters dy’t harren better makken,
mar jo wurd, o Hear, it wurd dat alles hielet.
13Ja, Jo hawwe de macht oer libben en dea,
Jo bringe de minsken nei ûnderen yn ’t deaderyk, Jo helje se wer nei boppen.
14In minske kin yn syn ferkeardens wol ien deameitsje,
de libbensgeast der wer ynbringe, kin er net
en likemin kin er in siel ferlosse, dy’t yn it deaderyk opnommen is.
15Jo macht is net oan te ûntkommen.
16De goddeleazen, dy’t Jo net kenne woenen,
waarden kastijd troch jo machtige earm,
bûtenwenstige tongerbuien mei hagel en stjalprein jagen har oanienwei op
en it fjoer hat harren fertard.
17En no it wûnderbaarlikste: yn it wetter dat oars alles útdovet,
begûn it fjoer fûlder te brânen.
Ja, de hiele kosmos striidt foar de deugdsumen.
18Noris waard de flam timpere,
dat de bisten net ferbrânden, dy’t op ’e goddeleazen ôfstjoerd wienen om de minsken fernimme te litten, dat it Gods oardiel wie, dat har opjage,
19en dan wer brânde it fjoer midden yn ’t wetter fûlder as gewoanwei
om alle gewaaks fan in sûndich lân te fernielen.
20Krektoarsom hat jo folk ingele-iten fan Jo krige
en lieten Jo har út ’e himel oan-ien-stik-wei brea takomme, klear en al,
allerhearlikst iten, krekt fan pas foar elke smaak.
21Oan dat iten wie jo goedens foar jo folk te priuwen,
it stelde him yn op ’e smaak fan dy’t derop ôfkaam
en feroare sadwaande yn wat men woe.
22Snie en iis wienen it fjoer treast en teiden net.
Dat wie om harren dúdlik te meitsjen,
dat it wol troch hagel en rein hinne brânde en flamme om de frucht fan ’e fijannen te fernielen,
23mar dat it krektoarsom syn eigen macht fergeat,
as it om de deugdsumen har iten gong.
24Ja, de skepping, dy’t altiten klear stiet foar Jo, de Skepper,
set alles yn ’t wurk om de goddeleazen te straffen,
mar is sa genedich har yn te hâlden foar dy’t op Jo fertrouwe.
25Sa gong it doe ek: de skepping feroare iderkear wer om Jo mar te tsjinjen, dy’t mei jo woldieden de wrâld yn libben hâlde,
en om sadwaande elk dy’t ferlet hie, te jaan wat er frege.
26Jo folk, o Hear, it folk fan jo leafde, moast leare,
dat men net yn libben hâlden wurdt troch de frucht fan ’e ierde,
mar dat jo wurd bewarret, dy’t op Jo fertrouwe.
27Wat troch it fjoer net wei waard,
dat raande samar wei, as der in inkeld sinnestrieltsje op skynde.
28Dêr koe men út leare, dat men om Jo te tankjen, de sinne foar wêze moat
en dat men Jo al yn ’e mjitte gean moat, sa gau’t de dage riist.
29Ja, de hoop fan ’e ûntankbere raant as rym yn ’e winter
en rint fuort as wetter dat men net brûke kin.