1Mar Jo, ús God, binne trou en goed,
Jo hawwe geduld en regelje alles yn goedens.
2Ek as wy ferkeard dogge, binne wy yn jo hân,
want wy witte fan jo macht.
Mar om’t wy witte dat wy Jowes binne, wolle wy net ferkeard.
3Ja, Jo te kennen is folsleine gerjochtichheid
en ûnstjerlikens komt fuort út besef fan jo macht.
4Wy binne net op ’e doele brocht troch minsklike útfynsels,
troch it deade wurk fan silhouetskilders,
troch in byld, opkwitst mei bûnte kleuren.
5As se ’t sjogge, komt by dwazen begearte op,
se wolle it sa graach hawwe, sa’n ûnbesiele, dea byld.
6Se hâlde fan it kwea en fertsjinje neat betters om op te bouwen,
alle lju dy’t soks meitsje, soks begeare, soks ferearje.
7In pottebakker skrept mei weake klaai om
en jout it guod sa’n foarm, dat wy it brûke kinne.
Ut deselde klaai makket er reau,
gaadlik foar fatsoenlik gebrûk mar ek foar ûnfatsoenlik, allebeide likegoed.
Wat elk stik foar doel hat,
dat makket de pottebakker út.
8Mar dan giet it mis: hy kliemt fan deselde klaai in stomme ôfgod yninoar,
deselde man dy’t mar koart lyn sels út grûn makke waard
en mei gauwens, as de siel dy’t him liend is, opfrege wurdt,
telâne komt yn ’e grûn dêr’t er út helle waard.
9Hy sit der lykwols net oer yn, dat syn krêften minderje sille,
of dat er mar in koart setsje te libjen hat,
nee, hy wol opwrotte tsjin goudsmidden en sulverjitters,
apet de brûnsbewurkers nei
en mient, dat sokke neimakkerij him eare bringt.
10Syn hert is in stealtsje jiske, syn hope is minder as modder,
en syn libben is minder wurdich as klaai.
11Dat komt, om’t er Him net kenne wol, dy’t him syn stal jûn hat,
dy’t him in warbere siel ynazeme
en de libbensgeast ynblies.
12Ja, hy sjocht ús libben as berneboarterij,
ús bestean as in merk dêr’t wat te fertsjinjen is;
men moat oeral jild útslaan, seit er, it docht der net ta wêrút,
ek út it kwea.
13Hy wit, better as elkenien oars, dat er ferkeard docht,
as er út it ierdske slyk brekber guod en ôfgodsbylden makket.
14Mar de fijannen fan jo folk, dy’t de baas oer har spilen,
binne ’t ûnferstannichst fan allegear, noch grutter stumpers as ûnnoazele bern.
15Dy seagen de goaden fan alle oare folken ek noch foar echte goaden oan,
mar dy hawwe ommers gjin eagen dy’t sjen kinne,
gjin noasters dy’t sykhelje,
gjin earen dy’t hearre,
gjin fingers dy’t taaste
en gjin fuotten dêr’t se op rinne kinne.
16It is ommers allegear minskewurk,
makke troch ien dy’t de azem mar te lien krige hat.
In minske kin net iens in god meitsje, dy’t himsels benei komt.
17Stjerlik as er is, kin út syn goddeleaze hannen allinne dea guod komme.
Hysels is dan ek mear wurdich as de dingen dy’t er ferearet;
hy libbet teminsten, dat sille dy dingen noait kinne.
18Ek de fiiste bisten wurde fereare,
wat stommens oangiet, noch minder as de oaren;
19moais, dat men der sin oan krije kin, is der net oan, lykas oan oare bisten.
Doe’t God syn wurk goed fûn en segene, binne se derby troch rekke.