1Jo besluten binne grut en net te trochgrûnjen.
Dêrtroch binne ûnbelearde lju op ’e doele rekke.
2Sa tochten de goddeleazen, dat se oer it hillige folk baasspylje koenen,
mar yn it tsjuster betiisd en ûnder de ban fan in lange nacht sieten se opsletten ûnder har eigen dak, útsletten fan Gods soarchsumens.
3Wylst se tochten, dat se mei har stikem begiene sûnden ferburgen bliuwe soenen ûnder de tichte wale fan it ferjit,
waarden se yn ûnstjoer brocht troch ûntsettende ferskrikkings
en pleage fan yslike spoekbylden.
4De kelder dêr’t se yn skûlen, koe de eangst net keare,
it lûd fan slaggen en ploffen davere om har hinne,
ôfgryslike ferskinings mei deadske gesichten dûkten foar har op.
5Gjin fjoer wie sterk genôch om harren ljocht te jaan,
de skitterjende gloede fan ’e stjerren wie net by steat om dy yslike nacht te ferljochtsjen.
6Se krigen allinne in stik fjoer te sjen,
dat samar oangong en har de skrik op ’t liif jage;
se wienen deabenaud en as se neat mear seagen,
wie wat se sjoen hienen, noch helte slimmer.
7De keunstemakkerij fan ’e tsjoenders wurke neat út,
har sweeslaan mei har kennis waard te spot set.
8Ja, deselde lju dy’t dienen as koenen se frees en noed út sike sielen banne,
waarden no sels sa deabenaud, dat men derom laitsje moast.
9Ek al wie der neat om bang fan te wurden,
dan waarden se dochs noch kjel makke troch foarbyrinnende bisten
en troch it sifeljen fan slangen.
10Se fergongen fan eangst,
se woenen net iens nei bûten sjen, dêr’t men dochs net foarwei kin.
11It kwea blykt ommers in stik leffens te wêzen: it feroardielet himsels
en tinkt altiten it slimste, as it gewisse taknypt.
12Ja, freze is net oars as it weifallen fan ’e help fan ’t ferstân.
13Hoe minder men by jinsels fan ’t ferstân ferwachtet,
hoe mear it jin pleaget, dat men net wit wêr’t dit lijen wei komt.
14Dy nacht hie winliken gjin macht,
om’t er út ’e djipten fan it machteleaze deaderyk kaam;
mar de lju dy’t doe allegearre leinen te sliepen,
15waarden noris opskrille troch ûntsettende ferskinings,
dan wer lam slein, om’t har geast it sitte liet.
Ynienen en ûnferwachts foel de skrik har op ’e lea.
16En elkenien dy’t derhinne foel,
siet oan dat stee fêst, opsletten yn in tichthús sûnder traaljes.
17Oft it no in boer wie of in skieppehoeder of in arbeider dy’t allinne yn in ienlike oarde omskrepte,
de flok kaam him likegoed oer ’t mad; der wie gjin ûntkommen oan.
18Allegear sieten se fêst yn ’e ban fan it tjuster.
It sûzjen fan ’e wyn,
it blide sjongen fan ’e fûgels yn ’e tichte beamkrunen,
it skolperjen fan foarbystrûzend wetter,
19de swiere slach fan delkommende stiennen,
it fjouwerjendewei foarbystowen fan ûnsichtbere wêzens,
it âljen fan wylde roofdieren,
it wjerlûd dat út ’e berchhoalen komt,
alles sloech harren lam fan ’e skrik.
20De hiele wrâld oer wie it ljochtskyndei
en elkenien die ûnbehindere syn wurk,
21oer harren allinne lei neare nacht,
byld fan ’e tsjusternis dy’t harren wachte.
Mar slimmer as it tsjuster, wie it lêst dat se mei harsels hienen.