1In oarenien, dy’t in seereis ûndernimt om de wylde weagen oer te stekken,
ropt in stik hout oan, dat earder brekt as it skip dat him draacht.
2Wis, it skip is útfûn om winst te meitsjen
en boud mei de wysheid fan in fakman,
3mar jo foarsoarch, Heit, stjoert it,
Jo hawwe der in baan foar makke yn ’e see,
in feilige feart troch de baren.
4Jo litte sjen, dat Jo út alle gefaren rêde kinne;
dat men kin sels sûnder stjoermanskeunst oan board gean.
5Jo wolle net, dat it wurk fan jo wysheid samar lizzen bliuwt;
dêrom fertrouwe de lju har libben ta oan wat hout;
se geane op in wankel flot de see oer en komme behâlden teplak.
6Wylst al yn ’t begjin de grutske reuzen omkamen,
socht de hope fan ’e wrâld har behâld op in wankel flot.
Stjoerd troch jo hân, liet dat de wrâld it sied nei foar in nije generaasje.
7Ja, segene is it hout dêr’t alles troch terjochte komt,
8mar ferflokt is it ôfgodsbyld en dy’t dat makke hat;
hij, om’t er it makke hat; it fergonklike byld, om’t it God neamd is.
9God hatet de goddeleaze likegoed as syn goddeleas wurk;
10it wurk en dy’t it dien hat, se wurde beide straft.
11Dêrom sil ek oer de heidenske ôfgodsbylden Gods straffende hân gean;
se binne yn Gods skepping in grouwelstik wurden,
in stroffelstien foar de minskesielen,
in falstrûp foar de fuotten fan ’e dwazen.
12Ja, de ôffal begjint mei it útfinen fan ôfgodsbylden,
dy útfining hat it libben bedoarn.
13Yn ’t begjin wienen se der net en se sille ek net ivich bliuwe;
14eigenwizens fan minsken hat se te wrâld brocht
en dêrom is har in hastige ein tatocht.
15In heit, ûntheistere troch in te iere rou,
makke in byld fan syn bern, dat sa hastich weinommen wie.
Wat earst in deade wie, fereare er no as in God
en hy lei syn folk plechtichheden en wijtsjinsten op.
16Mei de tiid boaze dy ferkearde gewoante oan en waard dy as in wet yn acht nommen.
Ek kaam it wol ta byldeferearing, om’t hearskers dêrta twongen:
17lju dy’t fierôf wennen en har hear net persoanlik earje koenen,
makken as ôfbylding fan dat wêzen omfierrens in sichtber byld fan ’e fereare kening.
Sadwaande beskrepten se, dat se de ôfwêzige hulde dwaan koenen, as wie er oanwêzich.
18Troch de flyt dy’t de keunstner derop dien hie, begûnen ek lju dy’t him net koenen,
de kening te ferearjen en sa wreide dat fuort.
19Ommers, hy woe ’t syn hear graach nei ’t sin dwaan
en lei him der as keunstner op út, de ôfbylding moaier te meitsjen as de man sels.
20En it gewoane folk, meinommen as it waard troch de tsjoen fan it keunstwurk,
tocht, dat de man dy’t men earst eare, no as in god fereare wurde moast.
21Dat is no krekt in falstrûp foar de libbenen wurden:
as tsjinslach of tiranny har yn ’t lijen brocht,
joegen se oan stien en hout de namme dy’t net ien oars takomt.
22Mar dat ôfdwalen fan ’e Godskennis wie harren neityd net genôch:
wylst se troch ûnwittendheid yn in striid sûnder ein belannen,
neamden se dat ôfgryslike kwea ek noch frede.
23Mei har plechtige berne-offers en geheime mystearjetsjinsten,
mei har oerdwealske optochten en har nuvere seremoanjes
24bliuwt der gjin suverens mear oer yn it libben noch yn ’t houlik.
De iene fermoardet de oare gemienwei of brekt him it hert troch syn frou te nimmen.
25’t Is ien grutte binde fan moard en deaslach, dieverij en dogenieterij,
ferdoarnens, ûntrou, reboelje, meineed;
26fatsoenlike lju reitsje yn ûnstjoer, de goegeunsten wurde fergetten,
de geasten fersmoargje, it seksuele libben stiet op ’e kop,
it houlik rekket yn dusoarder, it rint út op huorkerij en losbandichheid.
27Ja, it ferearjen fan dy ôfgodsbylden dy’t net iens in namme takomt,
is begjin, oarsaak en ein fan alle kwea.
28De lju tjirgje har út yn ’t mâle of slagge falske orakeltaal út;
of se libje yn it wylde wei en brekke eden as wie ’t neat.
29Se fertrouwe op deade ôfgodsbylden
en ferwachtsje sadwaande gjin straf foar eedbrekkerij.
30Mar om twadderlei reden sil it rjocht har achterhelje:
yn ’t foarste plak, om’t se in ferkeard idee fan God hienen mei har ôfgoaderij,
en twad, om’t se – mei ferachting fan it hillige – falske eden dien hawwe.
31Nee, net de macht fan ’e wêzens dêr’t men by swart,
mar de bestraffing fan ’e sûnders sels komt altiten achter de misstap fan de skuldigen oan.