Hoe’t men mei froulju omgean moat
1Wês net oergeunstich op dyn eigen frou
en lear har gjin ferkearde dingen dêrst skea fan krijst.
2Jou dy net yn ’e macht fan in frou,
lit har dy net oermânsk wurde.
3Sykje gjin oanhâld by in frou fan lichte seden,
do koest ris yn har strikken falle.
4Sit net allegeduerigen by in lietsjesjongster,
do soest dy fange litte yn har oanslaggen.
5Sjoch net mei begearlike eagen nei in jongfaam,
do soest om har ûnder it oardiel falle.
6Jou dy net oer oan huorren en snuorren,
oars ferspilest dyn besit.
7Sjoch net om dy hinne yn ’e strjitten fan in stêd
en dwaal yn har iensume hoeken net rûn.
8Ast in kreas jongfaam tsjinkomst, sjoch dan de oare kant út
en lit dyn eagen net begearich sjen nei wat moais dat dy net takomt.
Troch moaie froulju binne gâns lju op ’e doele rekke,
want dêrtroch lôget har ferealens op as in fjoer.
9Gean yn gjin gefal by in troude frou sitten
en doch dy net mei har te goed oan wyn,
want oars soest om har fan ’t goede paad ôf gean
en troch dyn begearlikheid útglide en yn it ferdjer komme.
Omgong mei freon en fijân
10Lit in âlde freon net yn ’e steek,
want de nije komt net oan him ta.
It is mei in nije freon as mei nije wyn:
earst as er âld wurdt, kinst der mei nocht fan drinke.
11Wês net oergeunstich op in sûnder as er yn oansjen is;
want do witst net wat him noch te wachtsjen stiet.
12Haw gjin nocht oan deselde dingen as de goddeleazen;
betink, dat se net har libben lang gelyk krije sille.
13Bliuw safier mooglik by in man wei, dy’t ta moardzjen yn steat is;
dan hoechst net betocht te wêzen op ’e skrik fan ’e dea;
en ast nei him tagiest, doch dan gjin misstap,
oars benimt er dy it libben.
Besef, datst tusken falstrikken trochgiest
en datst op ’e muorren fan ’e stêd rinst.
14Gean sa faak ast kinst nei dyn neisten ta
en lis oer mei de wizen.
15Sykje ferstannige minsken út om mei te praten,
en lit dyn petear altyd gean oer de wet fan ’e Hear.
16Lit rjochtfeardige mannen mei dy om ’e tafel sitte
en lit it dy in eare wêze, de Hear foar eagen te hâlden.
In wiis bestjoerder is net heechmoedich
17In keunstwurk wurdt prize om ’e hân fan ’e keunstner
en in wize regearder om syn wurd.
18In opsprekker is de skrik fan ’e stêd;
ien dy’t de mûle yn beide hannen hat, hawwe de lju in ôfgriis fan.