1In wiis bestjoerder fiedt syn folk op,
it ryk fan in ferstannich man is goed op oarder.
2Sa’t de regearder fan in folk is, sa binne syn ûnderdienen ek;
en sa’t de bestjoerder fan in stêd is, sa binne har ynwenners ek.
3In ûnbeleard kening bringt syn folk yn it ferdjer;
in stêd wurdt boud troch it ynsjoch fan syn hearskers.
4It bestjoer oer de ierde is by de Hear,
en Hy lit op syn tiid de rjochte man oer har opstean.
5Oft it in minske goed giet, leit ek oan ’e Hear,
en Hy jout syn eare oan ’e persoan fan ’e skriftgelearde.
6Wrokje net tsjin dyn neiste, om hokfoar ûnrjocht ek,
en doch neat yn ’e hjitte hei.
7Grutskens stiet de Hear èn de minsken tsjin,
en foar beide is ûnrjocht sûndich.
8De hearskippij giet fan it iene folk oer op it oare
troch ûnrjocht, geweld en om jild.
9Ien dy’t stof en jiske is, wêr sil dy grutsk op wêze?
by syn libben haw Ik ommers syn yngewant al oanstutsen.
10In lang sykbêd, hat de gek mei de dokter,
hjoed is men noch kening en moarn giet men dea.
11As in minske deagiet
ervet er slangen en wylde dieren en wjirmen.
12Dat in minske grutsk wurdt, komt fuort út ôffallichheid fan ’e Hear
syn hert is ôffallich wurden fan syn Skepper.
13Want grutskens komt út sûnde fuort,
en dy’t dêr mei oanhelle is, ferspraat grouwel.
Dêrom makke de Hear it lijen freeslik
en hat Er har folslein útroege.
14Troanen fan hearskers hat de Hear omsmiten
en sêftmoedigen foar harren yn it plak set.
15De woartels fan ’e folken hat de Hear útskuord
en nederigen op har plak plante.
16De lannen fan ’e folken hat de Hear fernield
en se ferwoeste oan ’e fûneminten fan ’e ierde ta.
17Guon fan harren hat Er útroegje litten en ferwoeste
en har oantinken hat Er fan ’e ierde weinommen.
18Grutskens is net foar de minske skepen
en grimmitigens net foar minskebern.
Wa komt eare ta
19Hokfoar skaai komt eare ta? It minskeskaai.
Hokfoar skaai komt eare ta? Dy’t de Hear foar eagen hâlde.
Hokfoar skaai komt gjin eare ta? It minskeskaai.
Hokfoar skaai komt gjin eare ta? Dy’t har net oan ’e wet hâlde.
20De lieder is yn eare yn it fermidden fan syn bruorren,
dy’t de Hear foar eagen hâlde, dy hâldt Hy ek yn eare.
22Ryk en foarnaam, of earm,
har rom is it, de Hear foar eagen te hâlden.
23It is net rjocht, in earm-man-mei-ferstân te ferachtsjen,
it jout ek gjin pas, in sûndich man yn ’e hichte te stekken.
24Oansjenliken, regearders, machtigen wurde yn eare hâlden,
mar net ien fan harren stiet heger as dy’t de Hear foar eagen hâldt.
25As in slaaf wiis is, sille frije minsken him tsjinje,
in ferstannich man prottelt dêr net oer.
26Hingje by dyn wurk de wize net út
en sprek net op ast yn ’e lytse loege sitst.
27Better ien dy’t arbeidet en yn ’e folop sit,
as ien dy’t sweeslacht wylst er net oan ’e kost komme kin.
28Myn soan, priizje dysels op beskieden wize
en earje dysels, safier as ’t dy takomt.
29Wa jout de man gelyk, dy’t himsels tenei komt?
Wa earet him, dy’t himsels weismyt?
30In earm man wurdt eare om syn kennis,
en in ryk man om syn rykdom.
31As men yn jins earmoed al eare wurdt, hoe dan as men ryk wurdt?
mar as men yn jins rykdom al net eare wurdt, hoe dan as men earm wurdt?