Hoe’t men mei de minsken omgean moat
1Nim it net op tsjin in machtich man,
do koest ris yn syn hannen ferfalle.
2Sykje gjin rûzje mei ien dy’t ryk is,
hy soe syn gewicht ris tsjin dy yn ’e skealjes lizze kinne;
want goud hat mannichien de ûndergong dien
en it hert fan keningen op ’e doele brocht.
3Gean net tsjin in opsprekker yn
en loegje gjin hout op syn fjoer.
4Fermeitsje dy net om ien dy’t neat leard hat,
wa-wit komst dyn eigen foarâlden op ’t sear.
5Meitsje de man gjin ferwiten mear, dy’t him fan ’e sûnde ôfkeart;
betink dat wy allegearre straf fertsjinje.
6Ferachtsje in minske net op syn âlde dei,
want guon fan ús sille ek âld wurde.
7Haw gjin wille om in deadenien,
betink dat wy allegearre stjerre sille.
8Smyt net wei, wat de wizen fertelle;
wês oanienwei mei har spreuken dwaande;
want dêr silste libbenskeunst fan leare
en it tsjinjen fan ’e hegerein.
9Lit de ferhalen fan âlde minsken dy net ûntkomme,
want dy hawwe it sels ek wer fan har foargeslacht leard.
10Stek de houtskoal fan in sûnder net oan,
oars fljochst sels yn ’e brân troch syn lôgjend fjoer.
11Lit dy net oeral meitsje troch in opsternaat man,
dat er de kâns net krijt en fang dy op in wurd.
12Lien gjin jild oan ien dy’t machtiger is as dy;
en ast him wat liend hast, rekkenje dan mar datst it kwyt bist.
13Boargje net boppe dyn macht;
en asto boargest, rekkenje der dan op datst it betelje moatst.
14Gean net mei in rjochter yn ’e pleit,
want se sille by de útspraak rekken hâlde mei syn posysje.
15Gean net op reis mei in domdrystenien,
dat er dy net yn it lijen bringt;
want hy docht wat himsels yn it sin komt,
en do soest mei omkomme troch syn ûnferstân.
16Meitsje gjin rûzje mei in koartkop
en reizgje net mei him troch de iensumheid;
want hy jout suver neat om in moard,
en op in plak dêr’t gjin help benei te kommen is, slacht er dy del.
17Gean net te riede mei in dwaas,
want hy kin it dochs net stilhâlde.
18Doch yn it bywêzen fan frjemd neat dat geheim bliuwe moat,
want do witst net wat er útbringe sil.
19Lis dyn hert net foar elkenien bleat,
en lit net elk dy geunsten oanbiede.