Pas op foar de sûnde! Alderlei goe-rie
1Doch gjin kwea, dan komt dy ek noait gjin kwea oer,
2bliuw it ferkearde út ’e wei, dan giet it by dy wei.
3Myn soan, siedzje net yn ’e fuorgen fan ’e ûngerjochtichheid,
datsto dyn ûngerjochtichheid net sândûbeld wer ynhellest.
4Begear fan ’e Hear gjin hearskippij
en fan ’e kening gjin earesit.
5Praat dy net skjin foar de Hear
en hingje by de kening net de wize út.
6Doch gjin war om rjochter te wurden,
miskien soest net mânskernôch wêze om it ûnrjocht út te roegjen;
faaks soest in machtich hearskip nei de eagen sjen
en dan soe dyn oprjochtens yn ’e kiif stean.
7Sûndigje net tsjin ’e ynwenners fan ’e stêd
en kom net te fallen dêr’t elk by is.
8Begean net twa kear deselde sûnde;
mei ien kear bist al strafber.
9Sis net: De allerheechste God sil nei al myn offers sjen;
as ik Him dy bring, sil Er my wol oannimme.
10Hâld it bidden moedich fol
en ferjit net om jild oan ’e earmen te jaan.
11Laitsje in man net út, dy’t yn ’e pine sit,
want it is Ien-en-Deselde dy’t fernederet èn ferheget.
12Bried gjin gemiene dingen út tsjin dyn broer
en likemin tsjin dyn freon.
13Tink der om, datst noait in ûnwier wurd seiste,
want dat is in oanwenst dêr’t neat gjin goeds fan komt.
14Stean net te eameljen yn it selskip fan ’e âldsten
en sis net hieltyd itselde yn dyn gebed.
15Haw gjin hekel oan swier wurk,
of oan lânwurk, want dat hat de Allerheechste ynsteld.
16Pas op datst net by de sûnders rekkene wurdst,
betink dat de grime net útbliuwt.
17Fernederje dysels djip,
want de straf foar de goddeleaze is it fjoer en de wjirmen.
Foar wa moat men goed wêze
18Ruilje in freon net yn foar jild,
in echte broer net foar goud fan Sûfir.
19Lit in wize en goede frou dy net ûntkomme,
want har leaflikheid is mear wurdich as goud.
20Wês net hurd oer in slaaf dy’t trou syn wurk docht,
en likemin oer in arbeider dy’t syn bêst docht.
21Fan in ferstannige slaaf moatsto hâlde,
wegerje him de frijheid net.
22Hasto fee? Hâld der it each op;
kinst der winst mei bebuorkje, hâld it dan oan.
23Hasto bern? Jou harren in strange opfieding
en bûch harren al jong de nekke.
24Hasto dochters? Hoedzje har lichem
en sjoch har net al te freonlik oan.
25Lit dyn dochter trouwe, dan hast wat belangryks dien,
mar jou har oan in ferstannich man.
26Hasto in frou nei ’t sin? Ferstjit har net,
mar de frou dêrst dyn nocht fan hast, ferlit dy der net op.
27Earje jim heit mei dyn hiele hert
en ferjit de weeën fan jim mem net.
28Betink datst it libben oan harren te tankjen hast,
en hoe silst harren ferjilde wat se dy jûn hawwe?
29Earje de Hear mei dyn hiele siel
en haw earbied foar syn prysters.
30Haw de Skepper leaf mei al dyn krêft
en lit syn timpeltsjinners net oan it lot oer.
31Hâld de Hear foar eagen en earje de pryster
en jou him syn part, lykas dy opdroegen is,
it earstlingsoffer, it skuldoffer en de skouderjefte,
it hilligingsoffer en de earstlingen fan it hillige.
32Taast yn ’e bûse foar de earme,
dan sil der oan dyn segen neat mear mankeare.
33Gun elk dy’t libbet, dat er wat fan dy krijt,
ûntkear ek de deade dyn geunst net.
34Rin skriemende minsken net út ’e wei,
mar treurje mei harren dy’t treurje.
35Skoarje der net tsjin oan om in siik minske te besykjen,
want fan sokken silsto leafde ûnderfine.
36Tink by alles watst dochst oan dyn lêste oere,
dan silsto yn der ivichheid net sûndigje.