1Gean net grut op dyn eigen oardiel,
2oars wurdste ferskuord lykas in bolle.
3Dyn bieden ytste op en dyn fruchten fernielste,
en do litst fan dysels neat oer as it deade hout.
4Dy’t in ûndogensk aard hat, giet dêroan ûnder,
en dan sille syn fijannen him útlaitsje.
Echte en falske freonen
5In besteklik prater krijt gâns freonen
en ynnimmende taal hellet ek wer gâns freonlike wurden út.
6Der meie hiel wat minsken wêze, dy’t freonskiplik mei dy omgeane,
mar goede riedslju fynste mar ien op ’e tûzen.
7Ast immen ta freon hawwe wolst, hifkje him dan earst
en fertrou him net samar ynienen.
8Want mannichien is jins freon, salang’t it himsels goed útkomt,
mar hy bliuwt jin net trou as de kniper op ’e skine komt.
9Mannich freon wurdt letter jins fijân,
dy’t jim rûzje oan ’e grutte klok hinget.
10Mannichien is jins freon salang’t er mei jin ite kin,
mar hy bliuwt jin net trou as de benearing komt.
11Salang’t it dy goed giet, is er dyn gelikens,
frijmoedich giet er mei dyn boaden om;
12mar wierret it dy tsjin, dan wurdt er dyn fijân,
dan is er foar dy net te sprekken.
13Bliuw dyn fijannen út ’e wei
en nim dy te wacht foar dyn freonen.
14In trouwe freon is in sterke skûle;
dy’t sa’n ien fûn hat, hat grutte rykdom fûn.
15In trouwe freon is net te beteljen,
tsjin syn wearde is neat ôf te weagen.
16In trouwe freon is medisyn foar it libben,
en dy’t de Hear foar eagen hâlde, sille dy fine.
17Dy’t de Hear foar eagen hâldt, krijt echte freonen,
want lykas er sels is, sa sil syn neiste ek wêze.
Hoe’t men wiis wurde kin
18Myn soan, tink fan dyn jonkheid ôf oer it ûnderrjocht nei,
dan silst op dyn âlde dei noch wysheid fine.
19Kom op har ta as de ploeger en de siedder,
en tidigje op har goede fruchten;
want by it be-arbeidzjen moatst der in skoft de lea op sette,
mar mei gauwens kinst fan ’e opbringst ite.
20Wat is de wysheid hurd foar de ûnbelearden,
de swakke hâldt it by har net út.
21Se leit him as in swiere stien op ’e rêch
sa gau as er it rêde kin, smyt er har ôf.
22Want de wysheid draacht har namme net om ’e nocht,
se is foar de measte lju net te begripen.
23Harkje, myn soan, nim myn leksum oan,
en smyt myn goede rie net wei.
24Stek de fuotten yn har boeiens
en de nekke yn har halsboei;
25set it skouder derûnder en draach har
en wurd har bannen net gram;
26lis dy op har út mei dyn hiele siel
en nim mei dyn hiele krêft har wegen yn acht.
27Spoar har op en sykje har, dan learsto har kennen
en as se dyn eigendom is, lit har dy net wer ûntkomme.
28Want op ’t lêst silsto rêst by har fine,
dan sil se foar dy yn blydskip omslaan.
29Har boeiens sille in sterke beskerming foar dy wurde
en har halsboeiens in staasjekleed.
30Se hat in gouden sieraad op
en har bannen binne in poarperen koarde;
31do silst har omdwaan as in staasjekleed
en as in freugdekrânse om ’e holle frisselje.
32Ast wolst, myn soan, kinst ûnderrjochte wurde,
en ast dy der tige op útleist, dan bisto klear.
33Asto graach harkje meist, silst derfan leare,
en ast de eagen iepensetst, silst wiis wurde.
35Harkje altyd as der oer God ferteld wurdt,
lit ferstannige spreuken dy net ûntkomme.
36Ast in ferstannich minske sjochste, gean dan ier-en-betiid nei him ta,
lit dyn foet by him de drompel platrinne.
37Tink oer de foarskriften fan ’e Hear nei,
en wês altyd mei syn geboaden dwaande.
Hy makket datsto stevich stiest,
en de wysheid dysto begeard hast, sil dy jûn wurde.