1Fertrou net op dyn jild
en sis net: Ik kin my wol rêde!
2Lit dyn begearte dy net meinimme om te dwaan wat it hert dy opjout.
3Sis net: Wa is baas oer my?
want de Hear sil dy sûnder mis straffe.
4Sis net: Ik haw sûndige en wat is my dêr fan oerkommen?
Want de Hear hat lang geduld mei ús.
5Rekkenje net sa soargeleas op ’e fersoening,
datst de iene sûnde op ’e oare loegest.
6Sis net: de Hear hat safolle moederaasje mei ús,
Hy sil al myn sûnden wol fersoenje;
want Hy kin begrutsjen mei ús hawwe, mar Hy kin ek lilk wurde,
ja, op sûnders rêst syn grime.
7Wachtsje der net mei, dy ta de Hear te bekearen
en stel it net út fan ’e iene dei op ’e oare;
want de grime fan ’e Hear iepenbierret him ynienen,
as it oan ’e ferjilding ta is, is it út mei dy.
8Fertrou net op jild, dêrst net earlik oan kommen bist,
want as de kniper op ’e skine komt, kinst der neat mei.
Tink om dyn wurden
9Wanje dyn sie net mei alle winen,
kuierje net op alle paden,
want sa docht de sûnder dy’t út twa mûlen sprekt.
10Stean fêst yn dyn oertsjûging
en lit dyn wurd himsels gelyk bliuwe.
11Wês fluch yn it harkjen,
mar jou dyn antwurd mei geduld.
12Asto earne ferstân fan hast, jou dyn neiste dan antwurd,
sa net, hâld dan de mûle ticht.
13Eare en skande komme beide út praten fuort,
en troch syn tonge rekket in minske yn ’t ûnleech.
14Soargje dat se dy gjin rabber neame
en wês gjin slûchslimme prater;
want de dief wachtet skande
en slimme feroardieling him dy’t út twa mûlen sprekt.
15Doch gjin domme dingen, sa min yn ’t grut as yn ’t lyts,
en feroarje net fan in freon yn in fijân;
want ien dy’t op in minne namme leit,
stiet skande en smaad te wachtsjen;
krektlyk giet it mei de sûnder dy’t út twa mûlen sprekt.