1Myn soan, ûntkear de earme syn gerak net,
en skypje longerjende eagen net ôf.
2Stel in minske dy’t honger hat net teloar,
en meitsje in man net lilk as er yn ferlegenheid sit.
3Tergje ien dy’t lilk is, net noch mear,
en lit de bidler net fergees op in jefte wachtsje.
4Stegerje in smekeling net ôf, dy’t yn ’e lytse loege sit,
en kear dy net ôf fan ’e earme.
5Kear dyn each net ôf fan ien dy’t it krap hat
en jou in minske gjin oanlieding om dy te ferwinskjen.
6Want as ien dy ferwinsket yn syn grimmitigens,
dan sil syn Skepper dat gebed ferhearre.
7Meitsje dy bemind by de gemeente
en bûch de holle foar de hegerein.
8Harkje mei oandacht nei de earme,
en groetsje him freonlik werom.
9Ferlos de ferdrukte út ’e macht fan ’e ferdrukker
en wês net lef yn dyn rjochtsprekken.
10Wês as in heit foar de wezen
en foar har mem as in man;
dan silsto as in soan fan ’e Allerheechste wêze;
Hy sil mear fan dy hâlde as dyn eigen mem.
Wat de wysheid jin bringt
11De wysheid bringt har soannen ta oansjen
en leit beslach op dyjingen dy’t har sykje.
12Dy’t fan ’e wysheid hâldt, hâldt fan it libben;
dy’t der moarnsier al foar wekker binne, sille foargoed bliidmakke wurde.
13Dy’t de wysheid besit, sil ek noch eare ervje
en wêr’t er yn ’e hûs giet, jout de Hear segen.
14Dy’t de wysheid tsjinje, dogge earetsjinst foar de Hillige;
dy’t de wysheid leaf hawwe, harren hat de Hear ek leaf.
15Dy’t nei de wysheid harkje, sille oer folken rjochtsprekke,
en dy’t him dêr oan wijt, sil feilich wenje.
16As er fertrouwen hat, wurdt de wysheid syn eigendom,
en syn neiteam sil har yn besit hâlde.
17Want se giet yn ’t earstoan mei him bochtige wegen lâns
se lit him bang en kjel wurde
en pleaget him mei har tucht,
salang oant er him oan har tabetrout,
ja, se hifket him mei har besluten.
18Mar dan set se him op in rjochte wei
en makket him bliid
en jout him har geheimen bleat.
19As er ôfdwaalt, lit se him sitte,
se lit gewurde dat er omkomt.
Skamje dy net foar de minsken
20Pas op ’e slach en wês op dyn iepenst foar it ferkearde,
soargje datst dy net foar dysels hoechst te skamjen.
21Want der is in skamte dy’t jin op ’t ferkearde paad bringt,
mar der is ek in skamte dy’t eare en genede betsjut.
22Wês net partidich ta dyn eigen skea
en wês net sa skruten datst der sels troch yn ’t ûnleech rekkest.
23Hâld dyn wurd net benefter op ’e tiid dat der ferlet fan is,
24want út it wurd docht de wysheid bliken
en jins ûnderleinens út wat jins tonge sprekt.
25Gean net tsjin ’e wierheid yn
en skamje dy oer dyn ûnferstân.
26Skamje dy net foar dyn sûnden út te kommen:
besykje in streamende rivier net tsjin te hâlden.
27Jou dy net del ûnder in dwaas
en sjoch in hearsker net nei de eagen.
28Fjochtsje oan ’e dea ta foar de wierheid
en God de Hear sil foar dy stride.
29Wês net rap yn dyn praten
en tagelyk loai en sleau yn dyn wurk.
30Wês yn dyn hûs gjin liuw
en by dyn slaven gjin bolderbast.
Fertrou net op eigen krêft en rykdom
31Hâld net dyn hân aloan iepen as der wat te heljen is
en ticht asto sels wat jaan moatst.