Boäz trout mei Ruth
1Boäz sette nei de poarte ta en gong dêr sitten. En sjoch, de losser, dêr’t Boäz it oer hân hie, kaam foarby. Boäz sei: Jo dêr, kom dizze kant ris út en gean hjir sitten. Doe kaam er dy kant út en gong sitten. 2Dêrop helle hy tsien man fan ’e âldsten fan ’e stêd derby en sei: Gean hjir sitten. En hja gongen sitten. 3Doe sei er tsjin ’e losser: Noömy, dy’t út it fjild fan Moäb weromkommen is, wol it stik lân dat fan ús famyljelid Elimêlek wie, ferkeapje. 4No hie ik tocht en ik diel it jo mei: Keapje jo it yn it bywêzen fan dy’t hjir sitte en fan ’e âldsten fan myn folk. Wolle jo it losse, los it dan en wolle jo it net losse, sis it my, dan wit ik wêr’t ik oan ta bin, want nei jo is der gjinien om te lossen, as ik. Doe sei er: Ik sil it losse. 5Mar Boäz sei: Meidat jo it lân keapje fan Noömy, nimme jo ek Ruth oer, de Moäbityske, de frou fan ’e ferstoarne om it erfdiel op namme fan ’e ferstoarne te hâlden. 6Dêrop sei de losser: Dan sil ik it foar my net losse kinne; ik soe myn eigen besit ris kwytreitsje kinne; nimme jo myn lossersplicht oer, want ik kin net losse.
7No gong it eartiids yn Israel, om in saak fêst te lizzen, by lossen en ruiljen, sa om en ta: De iene die syn skoech út en joech dy oan ’e oare. Dat wie in gebrûk yn Israel. 8De losser sei tsjin Boäz: Geane jo it foar josels oan. En hy die syn skoech út. 9Doe sei Boäz tsjin de âldsten en tsjin it hiele folk: Jim binne hjoed getugen, dat ik alles wat fan Elimêlek en alles wat fan Kiljon en Machlon wie, fan Noömy oernommen haw. 10Ek Ruth de Moäbityske, de frou fan Machlon haw ik oernommen as myn frou, om syn erfskip op syn namme te hâlden en om de namme fan ’e ferstoarne net útstjerre te litten út it fermidden fan syn lânslju en út ’e poarte fan syn wenplak. Jimme binne hjoed getugen. 11Dêrop sei al it folk dat yn ’e poarte wie en de âldsten: Wy binne getugen. Mei de Heare dizze frou, dy’t yn jo hûs komt, meitsje as Rachel en as Léa dy’t beide it hûs fan Israel boud hawwe. Wurd machtich yn Efrata en meitsje josels namme yn Betlehem. 12Mei jo hûs wurde as it hûs fan Pêres, dy’t Tamar by Juda krige, út it neigeslacht dat de Heare jo jaan sil út dizze jonge frou.
13Sa naam Boäz dan Ruth en hja waard syn frou. Hy kaam by har en de Heare joech har dat se swier waard en hja krige in soan. 14Doe seinen de froulju tsjin Noömy: Heech te priizjen is de Heare, dy’t it jo net oan in losser ûntbrekke litten hat. Mei syn namme ferneamd wurde yn Israel. 15Hy jout jo it libben werom en fersoarget jo yn jo âlderdom, want jo skoandochter, dy’t jo leafhat, hja, dy’t jo mear is as sân soannen, hat him krige.
16Doe naam Noömy it bern en sette it op har eigen skurte en hja naam syn fersoarging op har. 17De buorfroulju joegen him in namme en hja seinen: Noömy hat in soan krige en hja neamden him Obed. Hy wie de heit fan Isai, de heit fan David.
It foargeslacht fan David
18Dit is it geslacht fan Pêres: Pêres waard heit fan Chesron, 19Chesron fan Ram en Ram fan Amminadab, 20Amminadab fan Nachsjon en Nachsjon fan Salmon 21Salmon fan Boäz en Boäz fan Obed, 22Obed fan Isai en Isai fan David.