Ruth 3
Ruth docht in berop op ’e losser Boäz
1Noömy, har skoanmem, sei tsjin har: Myn dochter, soe ik foar dy net in rêstich bestean sykje, dat it dy goed gean mei? 2No dan, do hast by Boäz syn arbeidsters west, mar dy man is ommers famylje fan ús? Sjoch, fannacht sil er koarnwynje op ’e terskflier. 3Waskje en salvje dy en doch de pronk oan en gean dan del nei de terskflier. Meitsje dy net daliks oan ’e man bekend. Hy moat earst iten en dronken hawwe. 4As er dan lizzen giet, tink dan om it plak dêr’t er him deljout. Gean dan hinne en slach de tekken fan syn fuottenein op en gean lizzen. Hy sil dy dan fertelle watst dwaan moatst. 5En hja sei tsjin har: Alles wat jo sizze, sil ik dwaan.
6Doe gong hja del nei de terskflier en die alles krekt sa’t har skoanmem har opdroegen hie. 7Doe’t Boäz iten en dronken hie, krige er in fleurich sin en hy gong hinne en joech him del op ’e ein fan ’e nôtbult. Dêrop kaam hja temûk en sloech de tekken fan syn fuottenein op en gong lizzen. 8It wie midnacht doe’t de man kjel wekker waard, om him hinne taaste en sjoch, dêr lei in frou by syn fuotten. 9Wa binne jo, sei er en hja sei: Ik bin Ruth, jo slavin. Spried jo wjuk oer jo slavin, want jo binne losser. 10Doe sei hy: Segene meie jo wêze troch de Heare, myn dochter! Jo hawwe mei dizze lêste leafdedied noch mear deugd dien as mei de earste. Jo binne ommers gjin jongfeinten, earm of ryk, achterneirûn. 11En no, myn dochter, alles wat jo sizze, sil ik foar jo dwaan. Alleman yn ’e stêd wit wol dat jo in flinke frou binne. 12No is it wol wier dat ik losser bin, mar der is noch in losser, neier as ik. 13Bliuw hjir fannacht; mocht hy jo moarnier losse wolle, dan is it goed, lit him losse. Mocht it him lykwols net sinnigje jo te lossen, dan sil ik jo losse, sa wier as de Heare libbet. Jou jo del oan moarnier ta.
14Doe joech se har del by syn fuotten oan ’e moarntiid ta; mar hja gong oerein ear’t de iene de oare ûnderskiede koe; Want – sei er – it mei net buorkundich wurde dat der in frou op de terskflier west hat. 15Dêrop sei er: Jou hjir de omslachdoek dy’t jo om hawwe en hâld dy op. Hja hâlde dy op en hy meat seis mjitte koarn út en joech har dy op. Doe gong hy nei de stêd.
16Doe’t hja by har skoanmem kommen wie, sei dy: Hoe is ’t gien, fanke? Dêrop fertelde hja har alles wat de man foar har dien hie. 17Hja sei: Dizze seis mjitten koarn hat er my jûn, want hy sei: jo moatte net mei lege hannen by jo skoanmem komme. 18Hja sei: Bliuw mar rêstich, myn dochter, en dan fernimst fansels wol hoe’t dizze saak beteare sil, want dizze man sil gjin lichten dwaan ear’t er de saak hjoed net foarinoar hat.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap