Tocht nei Sjilo
1Der wie in man út Ramataïm, in Sûfyt út it berchlân fan Efraïm. Hy hiet Elkana en wie in soan fan Jerocham, de soan fan Elihû, de soan fan Tochû, de soan fan Sûf, in Efratyt. 2Hy hie twa froulju; de iene hiet Hanna en de oare Peninna. No hie Peninna bern, mar Hanna net. 3Alle jierren weroan reizge dy man út syn stêd wei nei Sjilo om dêr de Heare Almachtich te oanbidden en te offerjen. De beide soannen fan Ely, Chofny en Pinechas wienen dêr prysters fan de Heare.
4De deis dat Elkana dan offere, joech er syn frou Peninna en al har soannen en dochters allegearre in poarsje fan it offerfleis. 5Hanna joech er mar ien poarsje. En dochs hied er Hanna leaf, mar de Heare hie har skurte tasletten. 6Dêrby narre har meifrou har tige om har mar grimmitich te meitsjen, mei’t de Heare har skurte tasletten hie.
7Sa gong it jier op jier, sa faak as Hanna nei it hûs fan de Heare gong. Dan narre hja har sa, dat se gûle moast en der neat trochkrije koe. 8Dan sei Elkana, har man, tsjin har: Hanna, wêrom gûlsto, wêrom ytst net en wêrom bist sa mismoedich? Bin ik foar dy net mear as tsien soannen?
Gebed fan Hanna
9Op in kear doe’t se wer te Sjilo iten en dronken hienen, gong Hanna oerein – pryster Ely siet op in stoel by de doarpost fan ’e timpel fan de Heare – 10en yn bitter sielsfertriet bidde se oan de Heare en gûlde slim. 11Doe die se in gelofte en sei: Heare Almachtich, as Jo wier omsjen sille nei de ellinde fan jo tsjinstfaam, as Jo om my tinke, as Jo jo tsjinstfaam net ferjitte en as Jo jo tsjinstfaam in jonkje jouwe, dan sil ik him foar syn hiele libben oan de Heare jaan. In skearmes sil er net op ’e holle krije.
12Doe’t se mar net ophâlde fan bidden by de Heare, begûn Ely har mûle acht te slaan, 13want Hanna prate yn harsels. Hja ferweegde allinne de lippen, mar der kaam har gjin lûd út ’e mûle. Dat Ely miende, hja wie dronken. 14Doe sei Ely tsjin har: Hoelang sille jo dronken bliuwe? Sliep jo rûs út! 15Och nee, mynhear, antwurde Hanna, mar ik bin in frou mei grut fertriet. Wyn of sterke drank haw ik net hân, mar ik haw my hielendal tsjin de Heare útpraat. 16Hâld jo tsjinstfaam dochs net foar in minnenien, want fanwegen myn grut fertriet en hertsear haw ik sa lang praat. 17Doe sei Ely: Gean dan mar rêstich fuort. De God fan Israel sil jo jaan, dêr’t jo Him om bidden hawwe. 18Hja sei: Ik hoopje dat jo my mar tagedien bliuwe. Doe gong dy frou fuort. Hja iet wer en it gesicht klearre har op.
Berte fan Samuël
19Doe gongen se der de moarns betiid ôf, bûgden har del foar de Heare en gongen werom nei har hûs te Rama. Dêrnei hie Elkana mienskip mei syn frou en de Heare tocht om har. 20Dat mei ferrin fan tiid waard Hanna swier en krige in soan. Hja neamde him Samuël, want sei se – ik haw him de Heare ôfbidden.
21Doe’t Elkana, de man, mei syn hiele húsgesin wer op reis soe om de Heare it jierliks offer en syn gelofte-offer te bringen, 22gong Hanna net mei, mar hja sei tsjin har man: As de jonge fan it boarst ôf is, dan sil ik him bringe en sil hy foar de Heare ferskine. Dan sil er dêr foar altyd bliuwe. 23Doe sei Elkana, har man, tsjin har: Doch mar, sa’t it dy goed taliket. Bliuw thús oant er fan it boarst ôf is en mei de Heare dan mar wier meitsje watsto sein hast. Dat sadwaande bleau dy frou thús en hie har soan oan it boarst oant er derôf koe.
Samuël nei Sjilo
24Sadree’t er fan it boarst ôf wie, naam se him mei. Hja brocht him nei it hûs fan de Heare yn Sjilo, mei in trinterbolle, ien efa moal en in krûk wyn. Hy wie doe noch mar in lytse jonge. 25Nei’t se de bolle slachte hienen, brochten se it jonkje nei Ely. 26Hja sei: Nim it my net kwea ôf, mynhear, mar sa wier as mynhear libbet, ik bin dy frou, dy’t hjir by jo stie om oan de Heare te bidden. 27Dit jonkje haw ik om bidden en de Heare hat my jûn wat ik graach woe en dêr’t ik Him om frege haw. 28Dêrom stean ik him no wer oan de Heare ôf. Syn hiele libben lang sil er oan de Heare tawijd wêze. Doe bûgde hy him dêr del foar de Heare.