Ruth komt yn ’e kunde mei Boäz
1No hie Noömy noch famylje oan har mans kant. It wie in man dy’t it skoan dwaan koe, út ’e famylje fan Elimêlek en hy hiet Boäz. 2Doe sei Ruth, de Moäbityske, tsjin Noömy: Sil ik it lân mar netris yngean te iersykjen achter ien dy’t my tagedien is? En hja sei tsjin har: Gean mar, fanke!
3Dêrop gong hja fuort en kaam op in stik lân en socht dêr achter de sichters oan. En it trof sa, dat hja op in stik lân fan Boäz rekke, dy’t út ’e famylje fan Elimêlek wie. 4En sjoch, Boäz kaam út Betlehem en sei tsjin ’e sichters: Mei de Heare mei jim wêze! en hja seinen him: Mei de Heare jo segenje. 5Dêrop sei Boäz tsjin syn boufeint, dy’t oer de sichters stie: By wa heart dat jong frommes? 6De feint dy’t oer de sichters stie antwurde: It is in Moäbityske jonge frou, dy’t mei Noömy weromkommen is út ’e fjilden fan Moäb, 7en hja sei: Lit my dochs iersykje en gearfandelje tusken de skeaven achter de sichters. Sa is hja kommen en hat yn ’e skrep west fan fan ’e moarn ôf oant no ta. Hja hat mar amper skofte.
8Doe sei Boäz tsjin Ruth: Harkris fanke, gean net nei in oar stik lân te iersykjen. Gean hjir net wei, mar jou jo hjir mar by myn fammen, 9mei de eagen op it lân dat hja sichtsje, en gean dan achter de bynsters oan. Ik haw myn feinten hjitten, dat se jo net lestich falle sille. Hawwe jo toarst, gean dan mar nei de tûnen en drink fan wat de feinten opskeppe. 10Doe liet hja har foaroer falle mei it gesicht nei de grûn, en hja sei tsjin him: Hoe komt it, dat jo my sa tagedien binne en sa’n belangstelling foar my hawwe, wylst ik in frjemdlinge bin? 11Boäz joech har as antwurd: It is my wier wol ferteld, alles wat jo oan jo skoanmem dien hawwe nei de dea fan jo man, dat jo jo heit en mem en it lân fan jo komôf ferlitten hawwe en gien binne nei in folk dat jo foarhinne net koenen. 12Mei de Heare jo jo died ferjilde, en mei jo in folslein lean takomme fan de Heare de God fan Israel, nei Wa’t jo kommen binne om ûnder syn wjukken taflecht te sykjen. 13Hja sei: Jo binne my tige tagedien, mynhear, want jo hawwe my, jo tsjinstfaam, treaste en moed ynsprutsen. Ik lykwols kom net oan ien fan jo tsjinstfammen ta.
14Doe’t it iterstiid wie sei Boäz tsjin har: Skik hjir mar by, yt fan it brea en stip jo iten mar yn ’e jittik. Dêrop gong hja sitten njonken de sichters en hy joech har roastere ieren. Doe iet hja, waard sêd en hâlde noch oer. 15Doe’t se wer oereingien wie om te iersykjen, hiet Boäz syn feinten: Lit har ek tusken de skeaven sykje en lis har neat yn ’e wei. 16Ja, jimme moatte ekris wat mei sin út ’e skeaven lûke en dat lizze litte, dat hja it opsykje kin; en sis der dan neat fan. 17Sa socht hja it stik lân ôf oan ’e jûns ta en doe’t se útsloech wat se opsocht hie, wie der likernôch in efa koarn.
18Hja naam it mei nei de stêd. Doe liet se har skoanmem sjen wat se opsocht hie, en hja helle foar it ljocht wat se oerhâlden hie nei’t hja sêd wurden wie, en joech it har. 19Doe sei har skoanmem tsjin har: Wêr hasto socht en wêr hast hinne west te wurkjen? Mei hy segene wurde, dy’t belangstelling foar dy hân hat. Doe fertelde se har skoanmem by wa’t se wurke hie en hja sei: De man dêr’t ik hjoed by wurke ha, hjit Boäz. 20Dêrop sei Noömy tsjin har skoandochter: Mei hy segene wurde troch de Heare, dy’t syn trouwe geunst oan ’e libbenen en oan ’e deaden net ûnthâlden hat. Fierder sei Noömy tsjin har: Dy man bestiet ús nei, it is ien fan ús lossers. 21Ruth, de Moäbityske sei doe: Hy hat ek noch tsjin my sein: Hâld jo mar by it folk fan mines oant hja myn hiele rispinge berêden hawwe. 22Dêrop sei Noömy tsjin Ruth: It is saak, fanke, datst der mei syn arbeidsters op útgiest; op in oar fjild mochten hja dy ris lêstich wêze. 23Sa bleau hja yn ’e ploech by de arbeidsters fan Boäz te iersykjen oant de koarn- en de weetrispinge dien wienen. En hja wenne by har skoanmem yn.