Hoe leaflik binne jo wenten.
1Foar de dirigint. Op: It druveparsjen. Foar de Korachiten. In psalm.
2Hoe leaflik is jo wente,
Heare Almachtich.
3Ik longerje en smachtsje, ik kwyn wei fan ferlangst
nei de foarhôven fan de Heare.
Myn hert en myn lea roppe
om de libbene God.
4Sels de mosk hat in wente fûn
en de swel in eigen nêst,
dêr’t er syn jongen bergje kin:
by jo alters, Heare Almachtich,
myn kening en myn God.
5Lokkich dy’t yn jo hûs wenje.
Hja kinne Jo aloan de lof tasjonge.
6Lokkich hy dy’t syn krêft yn Jo fynt,
as er it pylgerpaad gean wol.
7De minsken dy’t troch de toarre Bakadelling moatte,
meitsje der in oarde fan wetterwellen fan:
út iere buien reint dêr segen del.
8Sa geane se fierder fan krêft ta krêft
om dan God te sjen op ’e Sion.
9Heare, God Almachtich,
hear nei myn bea,
harkje dochs, o God fan Jakob.
10Sjoch del op ús beskermer, o God,
en skôgje it antlit fan jo salvling.
11O, ien dei yn jo timpel
giet boppe tûzen oare;
ik stean leaver by de drompel
fan it hûs fan myn God,
as dat ik wenje moast yn ’e tinten fan ’e ferkearden.
12Want de Heare is ús skûle en ús skyld,
God sil geunst en gloarje jaan.
De Heare ûntkeart it goede net
oan har dy’t rjochte wegen gean.
13Heare Almachtich, hoe gelokkich is
de minske dy’t op Jo betrout.