Gods grime en Gods geunst
1Foar de dirigint. Foar de Korachiten. In psalm.
2Jo, Heare, hawwe jo lân begeunstige,
yn it lot fan Jakob ha Jo omkear brocht,
3de skuld fan jo folk ferjûn
en al har sûnden bedutsen.
4Jo hawwe al jo lilkens ynhâlden,
Jo binne fan jo gleone grime weromkommen.
5Help ús oerein, o God, ús behâlder,
sjoch ôf fan jo wrevel oer ús.
6Soenen Jo ivich lilk bliuwe wolle,
geslachten lang jo grime oanhâlde?
7Soenen Jo ús net leaver wer oplibje litte,
dat jo folk bliid mei Jo wêze kin?
8Lit ús jo geunst sjen, o Heare,
en jou ús jo heil.
9Ik wol hearre wat God de Heare seit.
Grif sil Er fan frede sprekke
tsjin syn folk en syn geunstlingen,
as dy dan mar net wer ta dwaasheid ferfalle.
10Wis, syn heil is deunby dyjingen
dy’t foar Him ûntsach hawwe,
en sa sil syn gloarje wer yn ús lân wenje.
11Geunst en trou moetsje elkoar,
gerjochtichheid en frede groetsje elkoar.
12Trou brûst út ’e grûn
en it rjocht komt frij út ’e himel del.
13Dêr sil de Heare it goede oerhinne jaan
en ús grûn sil tige opbringe.
14It rjocht sil foar Him útgean
en it spoar fan syn fuotprinten folgje.