Lit jo fijannen foar skande stean
1In liet. In psalm fan Asaf.
2O God, sit net stil,
swij net en bliuw net sa ûnbeweechlik, o God.
3Want sjoch, jo fijannen tjirgje har
en jo haters stekke de kop op.
4Tsjin jo folk betinke se skelmstikken,
tsjin jo beskermelingen spanne se gear.
5Se sizze: Kom, lit ús har as folk útroegje,
dat nimmen mear oan ’e namme fan Israel tinkt.
6Ja, se hawwe ienriedich gearspand,
tsjin Jo hawwe se in ferbûn sletten,
7de tinten fan Edom en Moäb,
de Ismaeliten en de Hagariten,
8Gebal, Ammon en Amalek,
Filistéa mei de bewenners fan Tyrus.
9Assyrië docht mei har yn ’e mande;
dat waard de sterke earm foar de bern fan Lot.sela
10Doch mei har as mei Midjan,
as mei Jabin en Sisera by de beek Kison,
11dy’t te Endor ferdylge waarden,
ta dong makke foar de ikker.
12Meitsje har eallju as Oreb en Séëb,
al har foarsten as Seba en Salmûna,
13dy’t sein hawwe: ‘Lit ús
it gebiet fan de Heare yn besit nimme’.
14Myn God, meitsje túch fan har,
tsjêf op ’e wyn.
15As fjoer dat de bosk fertart,
as in flamme dy’t de bergen oanstekt,
16sa moatte Jo achter har oan sitte mei jo stoarm,
har kjel meitsje mei jo twirjende wyn.
17Bedek har gesicht mei skande,
dat se nei jo namme freegje, Heare.
18Lit har besauwe en ferstiivje,
beskamme stean en fergean,
19dat se witte, dat Jo, waans namme allinne Heare is,
de Heechste binne oer de hiele ierde.