Psalmen 82
Tsjin de ferkearde rjochtspraak
1In psalm fan Asaf.
God stiet rjocht oerein yn ’e gearkomste fan ’e goaden,
yn ’t fermidden fan ’e goaden wiist Er fonnis:
2Hoelang sille jimme ûnrjochtfeardich oardielje
en it foar ferkearde minsken opnimme?
3Doch rjocht oan de mindere man en de wees,
wês rjochtfeardich foar de ellindige en de lijer.
4Lit de mindere man en de earme frij,
skuor se los út ’e macht fan ferkearde minsken.
5Hawwe se dan gjin ynsjoch en ferstân,
taaste se mar wat yn it tsjuster om?
Dan wifkje wol alle fûneminten fan’e ierde.
6Ik haw jim wol goaden neamd
en soannen fan ’e Heechste allegearre,
7mar as minsken sille jim dochs stjerre,
likegoed as de foarsten ek falle.
8Kom oerein, God, rjochtsje Jo de ierde;
alle folken binne ommers jo eigendom.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap