God sil se reitsje
1Foar de dirigint. In psalm fan David.
2Harkje, o God, nei myn roppen yn need.
Hoedzje myn libben, no’t de fijân my bang makket.
3Beskermje my tsjin de oanslaggen fan dogeneaten,
tsjin it tjirgjen fan kweaminsken,
4dy’t har tonge skerpje as in swurd,
dy’t bittere wurden as pylken op ’e koarde lizze,
5om de ûnskuldige temûk te reitsjen;
ûnferhoeds sjitte se op him en jouwe nearne net om.
6Se sette har ûndogense plannen troch,
spanne mei oerlis har falstrikken
en tinke: gjinien sjocht it.
7Sa binne se mei har ûngerjochtichheid dwaande
en meitsje har mûklisten klear.
O, wat is it binnenste fan in man,
wat is syn hert ûnberekkenber!
8Mar dan rekket God har mei in pylk
en ynienen krije se de klap.
9Hy lit har stroffelje oer har eigen tonge;
elk sjocht it skodholjend oan.
10Alleman sil fol ûntsach
Gods wurk bekend meitsje
en op syn dieden acht jaan.
11De oprjochte sil bliid wêze yn de Heare
en by Him ûntwyk sykje.
Alle oprjochten fan hert sille der wakker fan sprekke.