De kroan op de tiden fan it jier
1Foar de dirigint. In psalm fan David. In liet.
2Jo komt de lofsang ta, o God-op-Sion.
Jo wurdt de belofte betelle.
3Nei Jo dy’t it gebed hearre,
bringe alle minsken
4de lêsten fan har sûnden.
Wurde de misdieden har oermânsk,
dan jouwe Jo ferjeffenis.
5Hoe’n gelok foar him
dy’t Jo kieze en komme litte
om te wenjen yn jo foarhôven.
Dat wy sêd wurde meie fan it goede fan jo hûs,
fan it hillige fan jo timpel.
6Mei ûntsachlike dieden jout jo gerjochtichheid ús antwurd,
o God, dy’t ús heil is,
betrouwen fan alle ierdryks einen
en fiere kusten.
7Dy’t de bergen grûndearret mei macht
en Himsels mei krêft omgurdet.
8Dy’t it brûzjen fan ’e seeën bestillet,
it brûzjen fan har weagen,
de rûzigens fan ’e folken.
9De bewenners fan ’e grinsgebieten huverje
fan jo grutte wûndertekens.
Yn east en west bringe Jo se ta jubel.
10Jo hawwe it lân besocht
en mear as ryk makke,
de godsstream wie oerrinnende fol.
Jo hawwe it nôt opkomme litten.
Sa risten Jo it ta:
11Jo lieten de fuorgen drinke
en sljochten de kluten,
jo weakken it mei reinwetter
en segenen it gewaaks.
12Sa hawwe Jo it jier kroand mei jo goedens,
jo fuotprinten drippe fan fet.
13De greiden yn ’e woestyn sopje derfan,
de hichten binne oerklaaid mei jubel,
14de fjilden besiedde mei keppels,
de dellingen oerdutsen mei nôt.
Se jubelje – o wat sjonge se!