Gods geunst is mear as it libben
1In psalm fan David, doe’t er yn ’e wyldernis fan Juda tahâlde.
2O God, Jo binne myn God
en ik sykje om Jo,
myn siele hat toarst nei Jo,
myn libben smachtet nei Jo,
as droege, toarstige grûn,
dy’t gjin wetter krijt.
3Sa sjoch ik yn it hillichdom nei Jo út
om jo macht en gloarje te oanskôgjen.
4Want jo geunst betsjut mear as it libben;
dêr moatte myn lippen Jo om priizje.
5Sa wol ik Jo loovje myn libben lang
en yn jo namme myn hannen opstekke.
6As mei fet en moarch wurd ik sêde,
myn mûle is fol jubel en lof.
7As ik op bêd oan Jo tink
en oer Jo mimerje as ik wekker lis,
8– jawis, Jo binne my in help wurden;
yn it skaad fan jo wjukken jubelje ik.
9Mei hert en siel hingje ik oan Jo
en jo rjochterhân hâldt my oerein.
10Mar dy’t sûnder reden my op it libben geane,
lit har yn ’e ûngrûn weisinke.
11Se moasten har oerjaan oan ’e macht fan it swurd
en in proai fan jakhalzen moasten se wurde!
12Dan sil de kening bliid wêze yn God;
elk dy’t by Him swart, sil der wakker fan sprekke,
as de mûle fan ’e leagensprekkers tichtstoppe wurdt.