Yn sykte en benearing
1Foar de dirigint. Mei snaarynstruminten. Op ’e achtste. In Davidspsalm.
2O Heare, wol my net yn lilkens kastije,
net yn grammoedigens rjochtdei oer my hâlde!
3Wês my goedgeunstich, Heare, want ik ferkwyn,
meitsje my wer better, want de skrik sit my yn ’e lea;
4ja myn siel is kjel wurden bûten roai.
En Jo, Heare, hoe lang noch ...?
5Kom werom, Heare, rêd myn libben,
ferlos my om jo goede geunst.
6Want yn ’e dea tinkt gjin minske oan Jo,
yn it deaderyk, wa sil Jo dêr priizje?
7Ynein bin ik fan suchtsjen,
elke nacht lis ik yn triennen,
op myn bêd skriem ik my oan wetter.
8Flau waarden myn eagen fan fertriet,
se binne my weilutsen fanwegen myn benearders.
9Gean allegear by my wei, jimme, kweaminsken,
want de Heare hat nei myn lûd geskriem harke,
10harke hat Er nei myn smeekjen,
de Heare nimt myn bidden oan.
11Mar al myn fijannen sille beskamme stean, alhiel ferbûke,
se sille tebek moatte en ynienen beskamme stean.