Lof yn ’e moarntyd
1Foar de dirigint. Mei fluiten. In Davidspsalm.
2Myn wurden, harkje dernei, Heare,
nim myn gemimer yn omtinken,
3hear nei myn lûde klacht,
myn kening en myn God.
Ta Jo ommers bid ik.
4Yn ’e moarntyd, Heare, hearre Jo myn stim,
yn ’e moarntyd lis ik it Jo foar
en ik wachtsje ôf.
5Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet,
ferkearden fine by Jo gjin ûnderdak,
6heechmoedigen hoege Jo net ûnder eagen te kommen,
Jo haatsje dy’t minne dingen dogge.
7Jo ferdylgje de liger;
in ôfgriis hat de Heare
fan de moardner en de bedrager.
8Mar ik mei troch jo grutte geunst
yn jo hûs komme,
delfalle foar jo hillige went
yn huverjend ûntsach foar Jo.
9Heare, lied my neffens jo oarder
om myn benearders te plak te setten;
sljochtsje my it paad nei Jo ta.
10Yn har mûle is ommers neat dêr’t men op oan kin,
ynwindich bedoele se ûnheil,
in iepen grêf is har kiel;
se meitsje har tonge glêd.
11Nim har geweken, o God,
lit se stroffelje oer har eigen plannen,
hou se del om de mannichte fan har sûnden,
want tsjin Jo hawwe se it yn ’e kant set.
12Mar lit allegear dy’t by Jo skûlje, bliid wêze,
lit se it útsjonge, mar oan en mar wei;
nim it foar har op, dat yn Jo triomfearje meie
dy’t it mei jo namme hâlde.
13Want Jo, Heare, segenje de rjochtfeardigen,
as mei in skyld beskermje Jo har mei goedwilligens.