In klacht mei it folste rjocht
1In klacht fan David, dy’t er de Heare tasongen hat om de Benjaminyt Kûsj.
2O, Heare, myn God, by Jo sykje ik taflecht,
befrij my fan al myn ferfolgers en rêd my,
3dat se my net ferskuorre as liuwen
en fuortslepe sûnder dat ien my rêdt.
4Heare, myn God, as ik dit dien hie:
as ik ûnrjocht oan ’e hannen haw,
5as ik kwea ferjild oan dy’t mei my yn goedens wol,
as ik útrûpelje dy’t sûnder reden tsjin my is –
6lit dan de fijân my mar neisitte en ynhelje,
lit him myn libben mar yn ’e grûn traapje,
lit him myn eare mar ûnder stof bedobje.
7Mar no, Heare, kom yn jo grime oerein,
kom op tsjin it tjirgjen fan myn tsjinstanners,
wurd wekker, myn God, dy’t it rjocht besteld hat,
8lit de naasjes gearkomme om Jo hinne,
set Josels op ’e troan boppe har.
9Heare, Jo sille de folken rjochtsje.
Doch my rjocht, Heare, om myn gerjochtichheid
en om myn gevens.
10Meitsje in ein oan it kwea fan ’e ferkearden,
mar hâld de rjochtfeardige oerein,
Jo, dy’t it djipste fan it hert hifkje, rjochtfeardige God.
11God is myn skyld,
Hy helpt de oprjochten fan hert.
12God is in rjochtfeardich rjochter,
dy’t jin alle dagen te plak set.
13Hâldt immen net op syn swurd te skerpjen,
bûcht er syn bôge en spant er dy,
14dan rjochtet er op himsels dat deadlike ark
en de baarnende punten fan syn pylken.
15As er troch ûnrjocht befruchte waard,
dan wurdt er swier fan ûnheil en hy bernet bedroch.
16Hy dolt in kûle, dy’t er djip útstekt,
mar hy falt sels yn it grêf dat er groeven hat.
17It kwea komt op syn eigen holle werom,
it ûnrjocht komt op syn eigen plasse del.
18Ik sil de Heare tankje om syn rjocht,
psalmsjonge de namme fan de Heare, de Heechste.