Psalmen 53
Gjinien dy’t goed docht
1Foar de dirigint. Op machalat. In keunstich liet fan David.
2Dwazen tinke by harsels:
Der bestiet gjin God.
Ferdoarn en ôfgryslik binne har dieden,
gjinien dy’t goed docht.
3God sjocht út ’e himel del op ’e minsken,
oft der ien is, dy’t syn ferstân brûkt,
ien dy’t God siket.
4Allegear binne se ôfwykt,
mei-inoar ûntaarde,
gjinien dy’t goed docht,
hielendal net ien.
5Witte al dy kweaminsken dan fan neat,
dy’t myn folk fersline,
net oars as ieten se brea? Mar God neame se net.
6Aanst lykwols sille se alhiel ferbjustere stean,
sa’t se noch noait ferbjustere west hawwe,
want God slacht jim fijannen de lea stikken.
Jim sille har beskamme meitsje, want God hat har fersmiten.
7Och, kaam der fan ’e Sion mar rêding foar Israel!
As God de grutte omkear bringt foar syn folk,
dan sil Jakob jubelje en Israel wille meitsje.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap