Psalmen 54
In gebed om help
1Foar de dirigint. Mei snaarynstruminten. In keunstich liet fan David.
2Doe’t de mannen fan Sif kamen om tsjin Saul te sizzen: Tink derom, David hâldt him by ús beskûl.
3O God, jou my útrêding troch jo namme,
help my oan myn rjocht troch jo macht.
4O God, harkje nei myn gebed,
hear nei wat myn mûle seit.
5Frjemdfolk stiet tsjin my op,
geweldners geane my op it libben.
Hja hawwe God net foar eagen.
6Mar sjoch, God is myn stipe,
de Hear is in helper as oars gjinien.
7Lit it kwea op myn fijannen weromkomme;
omwille fan jo trou, ferdylgje se!
8Hoe reewillich sil ik Jo dan in offer bringe,
tankber sizze, Heare, dat jo namme goed is.
9Want út alle need hat Er my rêden
en ik kin op myn fijannen delsjen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap