De tiran tsjin de Godsfreon
1Foar de dirigint. In keunstich liet. Fan David. 2Doe’t Doëg, de Edomyt, oan Saul trochdien hie en tsjin him sein hie. David hat by Achimêlek yn ’e hûs west.
3Wat giesto grut op ferkeardens,
do tiran, tsjin ’e Godsfreon.
4De hiele dei sitst op ûnheil te brieden.
Dyn tonge is in skerpslipe skearmes
en hat it drok mei bedroch.
5Do nimst kwea foar kar boppe goed,
in leagen boppe it rjochte wurd.
6Do hâldst fan alle gemiene wurden,
do falske tonge.
7Mar God sil dij foargoed ferneatigje,
it fjoer út dyn hurdstee skuorre en dysels út ’e tinte,
dyn woartel út ’e libbensgrûn roegje.
8As de rjochtfeardigen dat sjogge, huverje se,
lûd sille se om him laitsje en sizze:
9Dat is no de man, dy’t syn taflecht net socht by God,
mar it op syn grutte rykdom oankomme liet,
wylst er fertroude op syn ferkeardens.
10Mar ik bin in griene olivebeam yn Gods hûs,
ik betrou op Gods geunst foar ivich en altyd.
11Ik sil Jo ivich priizje, om’t it jo wurk wie;
mei jo geunstlingen wachtsje ik op jo namme, dy’t goed is.