Eare oan ’e skepper en bestjoerder
1Jubelje, rjochtfeardigen, om de Heare,
de oprjochten foeget in lofsang.
2Loovje de Heare mei de liere,
spylje foar Him op ’e tsiensnaar.
3Sjong Him in liet, in nij liet;
lit by it jubeljen de snaren krêftich klinke.
4Want it wurd fan de Heare is rjocht,
kleare trou binne al syn dieden.
5Hy hâldt fan rjochtfeardigens en rjocht,
en fan de Heare syn geunst is de ierde fol.
6Troch it wurd fan de Heare is de himel makke,
troch de amme fan syn mûle it hiele himelhear.
7Wetter steapelt Er op ta in daam,
floeden leit Er fêst yn foarriedkeamers.
8De hiele ierde moat ûntsach hawwe foar de Heare
en alle wrâldbewenners moatte foar Him beevje.
9Want hy spriek, en dêr wie it,
Hy gebea, en dêr stie it.
10De Heare feecht it berie fan ’e folken oan ’e kant,
Hy reaget it betinken fan ’e naasjes fuort.
11It riedsplan fan de Heare bestiet de ieuwen troch
en de gedachten fan syn hert alle geslachten lâns.
12Hoe gelokkich is it folk, dat de Heare syn God neamt,
de naasje, dy’t Hy him as erfskip keazen hat.
13Fan de himel sjocht de Heare del
en lit syn eagen gean oer alle minskebern.
14Fan it stee dêr’t Er wennet, jout Er acht
op alle bewenners fan ’e ierde.
15Hy, dy’t al har herten foarme,
en al har dwaan trochsjocht.
16Gjin kening wurdt holpen troch sterke legers,
gjin held wurdt rêden troch grutte krêft.
17It is net wier, dat it hynder de oerwinning bringt;
hoe grut syn krêft ek wêze mei, it jout gjin rêding.
18De Heare, Hy hâldt it each op dy’t ûntsach foar Him hawwe,
dy’t wachtsje op syn geunst,
19dat er har libben rêdt fan ’e dea
en har libben sparret yn krappe tiden.
20Wy wachtsje mei langst op de Heare.
Hy is ús help en ús skyld.
21Ja, bliid is ús hert om Him,
want wy fertrouwe op syn hillige namme.
22Mei jo geunst, Heare, oer ús wêze
like sterk as wy op Jo hoopje.