God stiet noed foar ús
1Fan David. Doe’t er him dwylsinnich hâlden hie foar Abimêlek, dat dy him fuortjage en hy him ôfjaan koe.
2Oan ien wei wol ik de Heare priizje,
aloan is myn mûle fol lof foar Him.
3Mei hert en siel ferhearlikje ik de Heare,
lit de dimmenen it hearre en bliid wêze.
4Meitsje de Heare mei my grut,
mei-inoar moatte wy syn namme ferheegje.
5Ik socht de Heare en Hy antwurde my,
fan al wat my bang makke, hat Er my rêden.
6Dy’t nei Him opsjogge strielje fan blydskip;
har gesicht sil net read fan skamte wurde.
7As immen yn ellinde ropt, harket de Heare,
en rêdt him út al syn benearingen.
8De ingel fan de Heare is in hoedzjend leger
om harren, dy’t ûntsach foar Him hawwe: Hy makket har frij.
9Priuw en sjoch, hoe goed de Heare is.
Hoe gelokkich is de man, dy’t by Him skûlet.
10Haw ûntsach foar Him, hilligen fan de Heare;
want dy’t ûntsach foar Him hawwe, lije gjin earmoed.
11Sels jonge liuwen hawwe wol honger en krapte,
mar dy’t de Heare sykje, hawwe fan it goede noait te min.
12Kom, soannen, harkje nei my;
ik sil jim leare, hoe’t men de Heare tsjinnet.
13Wa is de man dy’t nocht oan it libben hat
en dagen begeart om it der fan te nimmen?
14Hoedzje dan dyn tonge foar it kwea,
dyn lippen foar bedragerij;
15gean oan ’e kant foar it kweade en doch it goede,
stribje nei frede en doch der dyn bêst foar.
16De Heare hat in iepen each foar de rjochtfeardigen
en in iepen ear foar har roppen om help;
17mar de Heare wol fan de kweaminsken neat witte
en har oantinken roeget Er út fan de ierde.
18Dy oaren rôpen en de Heare harke,
út al har benearingen hat Er har ferlost.
19De Heare is by de brutsenen fan hert,
Hy makket frij dy’t tebrizele binne fan geast.
20De rjochtfeardige mei gâns te lijen hawwe –
altyd rêdt de Heare him derút.
21Hy beskermet syn hiele lichem,
gjin bonkje wurdt derfan brutsen.
22It kwea fan ’e ferkearde wurdt syn eigen dea
en dy’t rjochtfeardigen haatsje, moatte derfoar boetsje;
23mar de Heare ferlost it libben fan syn tsjinners;
dy’t by Him skûlje, hoege net te boetsjen.