Ferjouwing nei skuldbelidenis
1Fan David. In keunstich liet.
Hoe gelokkich is de man,
wa’t de misdied ferjûn is
en waans sûnde bedutsen waard.
2Hoe gelokkich is de minske,
wa’t de Heare de skuld net oanrekkent
en yn waans geast gjin ûnearlikens is.
3Salang’t ik it stil hâlde, ferfoel my de lea,
wylst ik lûd bearde al den dei.
4Want nachts en deis woech jo hân swier op my,
myn tonge ferdroege as yn simmerhjittens.sela
5Myn sûnde makke ik Jo bekend,
myn skuld ferburch ik net;
ik sei: Ik wol myn misdieden foar de Heare belide.
En Jo, de skuld fan myn sûnde ha Jo ferjûn.sela
6Dêrom bidt elke geunstling ta Jo
yn ’e tiid fan benearing.
Sels as lûd brûzjende wetterfloeden alles weispiele,
se sille him net beneikomme.
7Jo binne myn skûle, Jo hoedzje my tsjin benearing,
Jo sette my midden yn ’e jubel om ’e ferlossing.sela
8Ik wol dy leare en de wei wize, dysto gean moast,
dy rie jaan, wylst Ik it each oer dy gean lit.
9Wês net as in wyld hynder, as in mûldier sûnder ferstân,
dat bannige wurde moat mei teame en bytling,
om’t it beest oars net by dy komt.
10De ferkearde minske hat gâns lêst,
mar dy’t op de Heare fertrout –
goedgeunstigens is in ring om him hinne.
11Ferbliidzje jim yn ’e Heare
en jûchje, rjochtfeardigen; jubelje allegearre,
dy’t oprjocht fan hert binne.