Tankliet foar de kening
1Foar de dirigint. In Davidspsalm.
2Heare, de kening is bliid om jo krêft,
wat ropt er lûd om jo útrêding.
3Wat syn hert ferlange, joegen Jo him;
wat syn lippen fregen, ha Jo him net ûntkeard;sela
4want Jo kamen op him ta mei lok en seine,
Jo setten him in fyn gouden kroan op ’e holle.
5Libben hat er Jo om frege en Jo joegen it him,
fermeardering fan dagen, aloan en alwei.
6Grut is syn gloarje troch jo útrêding,
heechheid en majesteit ha Jo him mei útrist.
7Jo besetten him mei segen foar altyd,
Jo makken him bliid mei de freugde foar jo antlit.
8Want de kening is wis fan de Heare,
troch de geunst fan de Heechste sil er net wifkje.
9Jo hân sil jo fijannen wol fine allegearre,
jo rjochterhân sil jo haters wol reitsje.
10Jo sille har in gleone oven gelyk meitsje,
as Jo jo antlit sjen litten hawwe.
De Heare sil har yn grime ferdylgje,
in fjoer sil har fertarre.
11Har berntsjes sille Jo fan ’e ierde ferdwaan,
har neiteam út it minsdom weibanne.
12Want, wolle se ferkeard tsjin Jo
en hawwe se wit-wat yn ’t sin,
it slagget harren net.
13Want Jo twinge har op ’e flecht,
Jo mikke mei de bôge op har gesicht.
14Oerein, Heare, yn jo krêft!
Lit ús sjonge en spylje fan jo heldemacht.