De grutte kleipsalm
1Foar de dirigint. Op: De ree fan it moarntydsrea. In Davidspsalm.
2Myn God, myn God, wêrom ha Jo my ferlitten,
wêrom bliuwe Jo sa fier by myn gekryt;
sa fier no’t ik om útkomst rop?
3Myn God, ik rop by dei, mar Jo jouwe gjin antwurd,
en ek nachts doch ik gjin lichten.
4En dochs binne Jo de Hillige,
dy’t troanet op de lofprizingen fan Israel;
5op Jo hawwe ús foarfaars betroud,
se hawwe betroud en Jo brochten har útrêding;
6lûd rôpen se oan Jo en hja waarden befrijd,
op Jo ha se betroud en stienen net foar skande.
7Mar ik, ik bin in wjirm en gjin man,
in minskegriis en in folksskandaal.
8Elk dy’t my sjocht, hat de gek mei my,
se gnize en skodholje:
9Hy hat it op ’e Heare oankomme litten; lit Dy him helpe!
Lit Dy him rêde, as er safolle mei him op hat!
10En dochs hawwe Jo my út memme skurte heind
en my feilich oan memme boarst lein.
11Ik bin fan memme liif ôf op jo noed,
sûnt memme skurte binne Jo myn God.
12Bliuw net fier fan my, want de benearing is deun by
en der is ommers oars gjinien dy’t helpt.
13Keppels hoarnbisten ha my ynsletten,
machtige Bazan-bollen ha my besingele;
14hja hawwe de bek tsjin my opskuord
as in liuw dy’t roppet en brinzget.
15As wetter bin ik útgetten,
de hiele lea is my stikken,
myn hert is weak as waaks,
teraand yn myn yngewant.
16Droech as in pandiggel is my de kiel,
de tonge plakt my fêst oan it ferwulft,
Jo lizze my del yn it stof fan ’e dea.
17Want hûnen ha my ynsletten,
in binde kweaminsken hat my besingele,
se tegnauden myn hannen en fuotten.
18Ik kin al myn bonken wol telle
en hja begluorkje en besjogge my,
19hja ferdiele mei-inoar myn klean,
hja lotsje al om myn klaaiing.
20Mar Jo, Heare, bliuw net fan fierren stean,
myn Sterkte, meitsje oan om my te helpen.
21Rêd myn libben fan it swurd,
myn neaken bestean út ’e hûneklauwen.
22Befrij my út ’e bek fan ’e liuw,
myn ellindich libben fan ’e oksehoarnen.
23Ik sil jo gloarje oan myn bruorren fertelle,
yn ’e gemeente Jo priizje.
24O minsken dy’t ûntsach foar de Heare hawwe, priizje Him,
Jakobs hiele neiteam, earje Him.
Israels hiele neigeslacht, bliuw earbiedich op in distânsje stean.
25Want Hy hat net ferachte en net ferspuid
it leed fan de ellindige,
him net de rêch takeard,
mar nei him harke, doe’t er oan Him rôp.
26Fan Jo komt myn lofsang yn in grutte gemeente,
myn ûnthjit kom ik nei by har dy’t ûntsach foar Jo hawwe.
27Dan dogge de dimmenen har tegoed en wurde sêd
en dy’t de Heare sykje, priizje Him;
jimme hert mei foargoed oplibje.
28Al ierdryks einen sille it betinke en har ta de Heare keare,
alle geslachten fan ’e folken foar Him bûge;
29want de Heare komt it keningskip ta,
Hy hearsket oer alle folken.
30Har tegoed dwaan en delbûge sille
hja dy’t it goed hawwe op ierde;
foar Him bûge ek dy’t al deltein binne yn it stof
en it libben net fêsthâlde koenen.
31Dan sil de neiteam Him tsjinje
en it kommend geslacht fertelle fan de Heare,
32en syn gerjochtichheid ferhelje
oan it folk dat dan wer berne wurdt.
Want Hy hat it dien.