Gebed foar de kening
1Foar de dirigint. In Davidspsalm.
2Mei de Heare Jo antwurdzje wannear’t jo yn need binne,
de namme fan Jakobs God jo ûnferwinber meitsje;
3mei Er jo help stjoere út it hillichdom,
jo stipe jaan út Sion wei;
4mei Er oan al jo offers tinke,
jo brânoffers goedkarre;
5mei Er jaan wat jo hert begeart,
al jo plannen te’n útfier bringe;
6meie wy om jo útrêding jubelje,
it findel opstekke yn ’e namme fan ús God;
en mei de Heare al jo smeekjen ferhearre.
7No wit ik,
dat de Heare syn messias útrêdt
en him antwurdet út syn hillige himel
mei de machtige heilsdieden fan syn rjochterhân.
8De iene giet grut op striidweinen, de oare op hynders –
mar wy, wy geane grut op ’e namme fan de Heare, ús God.
9Wat sokken oanbelanget, dy geane troch de knibbels en falle,
mar wy komme oerein en hâlde faasje.
10Heare, jou de kening útrêding!
Antwurdzje ús as wy roppe!