Gloarje fan de skepping en de wet
1Foar de dirigint. In Davidspsalm.
2De himel ferhellet Gods gloarje,
fan wat syn hannen makken fertelt it ferwulft.
3De iene dei jout de oare sprake troch,
de iene nacht leart de oare wittenskip.
4Sûnder te sprekken en sûnder wurden,
sûnder dat men har lûd fernimt.
5En dochs rint har lûd de hiele ierde oer,
oan ’e einen fan ’e wrâld ta har spraak.
Dêr middenyn hat Er de sinne in tinte set;
6dy komt as in breugeman út syn sliepstee wei,
optein as in held om syn baan te rinnen.
7Oan ’e iene ein fan ’e himel set er útein
en syn omgong rint oan ’e oare ein ta
en neat bliuwt foar syn gloede ferburgen.
8De wet fan de Heare is folslein
en set it libben wer yn ’e fleur.
It tsjûgenis fan de Heare is betrouber,
it makket de ûnbedreaune wiis.
9De oarderingen fan de Heare binne rjochtút,
hja meitsje it hert tige bliid.
It gebod fan de Heare is suver,
it jout de eagen wer glâns.
10It ûntsach foar de Heare is suver,
it bliuwt foar altyd bestean.
De útspraken fan de Heare binne wis,
hja rêste allegearre op it rjocht;
11mear te begearen binne se as goud,
mear as in heap fyn goud,
swieter as hunich
en wat út hunichskiven brekt.
12Ek jo tsjinner lit der him troch warskôgje;
dat te ûnderhâlden leannet tige.
13Mar it ferdwalen – wa hat dêr berekken op?
Sprek my frij fan myn ferburgen kwea.
14Wol ek jo tsjinner foar oermoed bewarje,
dat dy my net oermânsk wurdt.
Dan bin ik ûnbesprutsen
en frij fan slim fergryp.
15Meie de wurden fan myn mûle
en wat myn hert oertinkt
Jo nei ’t sin wêze,
Heare, myn rots en myn ferlosser.