Gods hearlike wegen
1Fan David
Ik wol Jo tankje mei myn hiele hert,
yn it bywêzen fan ’e goaden Jo psalmsjonge.
2Ik wol my bûge nei jo hillige timpel
en jo namme tankje om jo geunst en trou.
Want Jo hawwe jo namme en jo wurd
oermjitte grut makke.
3Doe’t ik rôp, ha Jo my antwurd jûn,
myn libbenskrêft hawwe Jo fersterke.
4Alle keningen op ierde sille Jo loovje, Heare,
as hja de wurden fan jo mûle hearre.
5Se sille de wegen fan ’e Heare sa besjonge:
Grut is de gloarje fan ’e Heare!
6Ferheven is de Heare en dochs sjocht Er de needrige,
en fan fierren ken Er de heechmoedige.
7As ik my midden yn ’t gefaar bejaan moat,
litte Jo my it libben hâlde
tsjin ’e grime fan myn fijannen yn.
Jo stekke de hân nei my út
en jo rjochterhân, dy rêdt my.
8De Heare sil it foar my folbringe,
jo geunst, Heare, duorret ivich.
Lit it wurk fan jo hannen net farre!