Oan ’e Heare is net te ûntkommen
1Foar de dirigint. Fan David. In psalm.
O Heare, Jo ha my hifke en Jo kenne my.
2Jo witte fan myn sitten en oereinkommen.
Fan fierren al fersteane Jo myn gedachten.
3Jo bemjitte myn gean en myn lizzen,
mei al myn wegen binne Jo bekend.
4Want der komt my gjin wurd oer de lippen
of Jo, Heare, witte der al lang fan.
5Achter my binne Jo en foar my, rûnom,
en Jo lizze de hân op my.
6Dat te witten is my al te wûnder
en te ferheven; ik kin der net by.
7Mar wêr moat ik hinne foar jo Geast,
wêrhinne flechtsje foar jo eagen?
8Klim ik nei de himel op, Jo binne dêr.
Jou ik my del yn it deaderyk, dêr binne Jo ek.
9Nim ik de wjokken fan ’e moarntiid
en stryk ik del by de fierste see,
10ek dêr sil jo hân my liede
en jo rjochterhân my fêst hâlde.
11Al tink ik, dat de tsjusternis myn tekken is
en al brûk ik de nacht as myn dei,
12foar Jo is it tsjuster gjin tsjuster
en de nacht like ljocht as de dei.
13Jo hawwe ommers myn nieren foarme,
my weve yn myn memmeskurte.
14Ik loovje Jo dat ik sa bjusterbaarlik makke bin.
Wûnderbaarlik binne Jo wurken,
ik wit it tige skoan.
15Myn lichem wie Jo net ferburgen,
doe’t ik yn it ferhoalene makke bin
as keunstich weefwurk yn ’e djipten fan ’e ierde.
16Jo eagen hienen my al sjoen,
doe’t ik noch yn ’e memmeskurte lei.
Ja, de dagen dat myn lichem foarme waard,
stienen allegear al yn jo boek beskreaun,
doe’t der noch net ien fan bestie.
17Mar foar my – hoe swier binne jo gedachten te fetsjen,
hoe machtich, o God, binne se yn tal.
18Woe ik se besomje, dan binne se mear as it sân.
En kaam ik op ’e ein, dan bliuw ik noch mei Jo dwaande.
19O God, deadzje dochs de sûnders
en lit de moardsuchtigen by my wei gean,
20dy’t dûbelhertich tsjin Jo sprekke
en har waanwiis tsjin Jo ferheffe.
21Soe ik gjin hate hawwe yn jo haters, Heare?
Soe ik net ferachtsje dy’t it tsjin Jo yn ’e kant sette?
22Sa folslein is myn haat tsjin har,
dat se binne foar altyd myn fijannen.
23Hifkje my, God, en ken myn hert,
bedjipje my en ken myn gedachten.
24Sjoch, oft ik op in wei-fan-ferdjer bin
en bring my op de âlde, de ivige wei.