Psalmen 137
Yn Babel
1Oan Babels streamen
dêr sieten wy te skriemen,
as wy oan Sion tochten.
2Dêr hongen wy ús lieren
oan ’e wylgen.
3Want dêr fregen ús ferdrukkers
ús om sangen,
dy’t ús derûnder hienen om jubel:
Sjong ris in Sionsliet foar ús.
4Mar hoe soenen wy
in liet foar de Heare sjonge
op frjemde grûn?
5As ik dij ferjit, Jeruzalem,
dan mei myn rjochterhân fertoarje.
6De tonge mei my klibje oan it ferwulft,
as ik oan dij net tink,
as ik Jeruzalem net úttil
boppe myn heechste blydskip.
7Ferjit it net, Heare, wat de Edomiten dien ha,
dy deis dat Jeruzalem foel,
dat se seinen: Slach alles plat,
mei de grûn gelyk!
8O Babel, fernieler datsto biste,
heil him dy’t dij leannet
nei watst ús oandien hast.
9Heil him dy’t dyn berntsjes nimt
en tepletter slacht tsjin ’e rots.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap