Ivich duorret syn geunst
1Tankje de Heare, want Hy is goed,
ivich duorret syn geunst.
2Tankje de heechste God,
ivich duorret syn geunst.
3Tankje de heechste Hear,
ivich duorret syn geunst.
4Hy docht grutte wûnders, Hy allinnich,
ivich duorret syn geunst.
5De himel makke Er mei wysheid,
ivich duorret syn geunst.
6De ierde lei Er fêst op it wetter,
ivich duorret syn geunst.
7Hy makke de grutte ljochten,
ivich duorret syn geunst.
8De sinne om te hearskjen oer de dei,
ivich duorret syn geunst.
9Moanne en stjerren om te hearskjen oer de nacht,
ivich duorret syn geunst.
10De Egyptners rekke Er yn har earstlingsbern,
ivich duorret syn geunst.
11Israel helle Er út har fermidden,
ivich duorret syn geunst.
12Mei in sterke hân en in útstutsen earm,
ivich duorret syn geunst.
13De Reidsee snied Er midstwa,
ivich duorret syn geunst.
14En Israel liet Er dêrtroch gean,
ivich duorret syn geunst.
15Farao mei syn leger dreau Er de Reidsee yn,
ivich duorret syn geunst.
16Hy liet syn folk troch de wyldernis gean,
ivich duorret syn geunst.
17Grutte keningen hat Er ferslein,
ivich duorret syn geunst.
18Machtige keningen hat Er deade,
ivich duorret syn geunst.
19Sichon, de kening fan ’e Amoriten,
ivich duorret syn geunst.
20En Og, de kening fan Bazan,
ivich duorret syn geunst.
21Har lân joech Er as erfskip,
ivich duorret syn geunst.
22As erfskip oan Israel, syn tsjinner,
ivich duorret syn geunst.
23Yn ’e fernedering hat Er oan ús tocht,
ivich duorret syn geunst.
24Hy ûntskuorde ús oan ’e tsjinstanners,
ivich duorret syn geunst.
25Hy jout brea oan al wat libbet,
ivich duorret syn geunst.
26Tankje de God fan ’e himel,
ivich duorret syn geunst.