Net de ôfgoaden, mar God
1Net ús, o Heare, net ús,
mar jo namme komt eare ta
om jo geunst en trou.
2Wêrom moatte de folken sizze:
Wêr is dochs har God?
3Us God is yn ’e himel
en Hy docht wat Er wol.
4Har goaden binne sulver en goud,
troch minskehannen makke.
5Se hawwe in mûle, mar prate net,
se hawwe eagen, mar sjogge net,
6se hawwe earen, mar hearre net,
se hawwe in noas, mar rûke net,
7se hawwe hannen, mar taaste net,
se hawwe fuotten, mar rinne net,
se jouwe gjin lûd mei har kiel.
8Dy’t har makke hawwe,
moatte wurde as sij
mei elk dy’t op har fertrout.
9Mar Israel fertrout op ’e Heare,
Hy is har help en har skyld.
10It hûs fan Aäron fertrout op de Heare,
Hy is har help en har skyld.
11De godfreezjenden fertrouwe op ’e Heare,
Hy is har help en har skyld.
12De Heare tinkt oan ús,
Hy sil ús segenje,
Hy sil it hûs fan Israel segenje,
13Hy sil segenje dy’t ûntsach ha,
de lytsen en de grutten.
14De Heare mei jim oanwinne litte,
jimme en jim bern.
15Segene binne jim troch de Heare,
dy’t himel en ierde skepen hat.
16De himel is de Heare sines,
mar de ierde hat Er de minsken jûn.
17Net de deaden sille de Heare loovje,
net ien fan har dy’t yn ’e stilte delsonken binne,
18mar wy, wy wolle de Heare priizje
fan no ôf oant yn ivichheid.
Halleluja.