Psalmen 114
De Hear fan see en rivier
1Doe’t Israel út Egypte teach,
it skaai fan Jakob út in frjemdtalich folk,
2is Juda syn hearlike wente wurden
en Israel syn ryksgebiet.
3Dat seach de see en flechte,
de Jordaan ek skrille tebek,
4de bergen sprongen as rammen,
de heuvels as jonge lammen.
5Wat wie deroan, see, datsto flechtest,
Jordaan, datsto tebekskrillest?
6Wêrom, bergen, sprongen jimme as rammen
en jimme, heuvels, as jonge lammen?
7Beevje, ierde, foar it antlit fan ’e Heare,
foar it antlit fan Jakobs God,
8dy’t de rots yn in dobbe feroare
en de balstien yn in wetterwelle.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap