Leafde foar de Heare
1Ik haw de Heare tige leaf,
om’t Er nei myn smeekjen harket.
2Om’t Er it ear nei my hâlden hat,
sil ik Him oanroppe myn libben lang.
3Bannen fan ’e dea wienen om my hinne spand,
de eangst foar it deaderyk fleach my oan,
yn druk en drôvens kaam ik suver om,
4mar ik rôp de Heare by de namme:
O Heare, rêd myn libben!
5Genedich en rjochtfeardich is de Heare
en barmhertich is ús God.
6De Heare hoedet de ienfâldigen;
ik wie der min oan ta, mar Hy hat my ferlost.
7Kom wer ta rêst, sis ik tsjin mysels,
want de Heare hat dy goed dien.
8Omdat Jo myn libben frijskat hawwe fan ’e dea,
myn eagen fan triennen
en myn fuotten fan stroffeljen,
9dêrom kin ik by de Heare yn- en útgean
yn it lân fan ’e libbenen.
10Ik hie fertrouwen, al sei ik ek:
O wat bin ik der ellindich oan ta –
11en al tocht ik mismoedich:
Alle minsken falle my ôf.
12Wat sil ik de Heare no weromdwaan
foar alle goeds dat Er my dien hat?
13Heech til ik de beker fan it heil
en rop de namme fan de Heare út.
14Ik betelje de Heare myn geloften
en dat foar it each fan it hiele folk.
15Te djoer is yn ’e eagen fan ’e Heare,
de dea fan syn geunstlingen.
16Ik bin ommers jo tsjinner, Heare,
jo tsjinstfeint, in soan fan jo tsjinstfaam;
dêrom hawwe Jo myn boeien tebrutsen.
17Oan jo bring ik in tankoffer
en ik rop de namme fan ’e Heare oan.
18Ik betelje de Heare myn geloften
en dat foar it each fan it hiele folk,
19yn ’e foarhôven fan it hûs fan ’e Heare,
yn dyn fermidden, Jeruzalem.
Halleluja.