De flok mei de flokker treffe
1Foar de dirigint. Fan David. In psalm.
God, wa’t myn lof takomt, hâld Jo net stil!
2Want se hawwe in kweade en falske mûle tsjin my opskuord,
mei in tonge fol leagens ha se tsjin my sprutsen,
3mei wurden fol haat my besingele
en my sûnder rjocht bestriden.
4As tank foar myn leafde hawwe se my oanklage,
wylst ik foar har bid.
5Se hawwe my kwea foar goed ferjilde
en haat foar myn leafde.
6Stjoer in ferkeardenien op him ôf – waard der sein –
en lit oan syn rjochterhân in oanklager stean,
7foar it rjocht moat er skuldich befûn
en syn bidden moat him ta sûnde rekkene wurde.
8Hy moat syn dagen net folmeitsje kinne
en in oar moat syn amt oernimme.
9Syn bern moatte wezen wurde,
syn frou widdo,
10swalkers moatte syn bern wurde, swalkers en bidlers,
al mar opjage út har brekfallige wenten.
11Lit de útsûger naderje al wat er hat,
lit frjemden roovje al wat er besit.
12Gjin minske moat langer goed foar him wêze,
sels syn weesbern moat gjinien begrutsjen mei hawwe.
13Ferdylging moat oer syn neiteam falle
en syn namme fergetten wêze by it kommend geslacht.
14Lit de Heare it kwea fan syn foarfaars yn oantinken hâlde
en lit syn memme sûnde net útfage wurde.
15It kwea fan dy minsken moat de Heare altyd bybliuwe,
mar har oantinken (op ierde) moat Er ferdylgje.
16Sa moat it him sels fergean, om’t er oan gjin meilijen tochte,
mar in earm en ellindich man achterfolge,
ien mei in brutsen hert de dea ynjage.
17Hy hâlde fan ’e flok – lit dy dan oer him komme;
hy woe fan gjin segen witte – lit dy fier fan him bliuwe!
18Hy sloech de flok as in mantel om him hinne
en dy krong as wetter yn him del,
as oalje yn syn bonken.
19Lit de flok de liifdracht wêze, dy’t er oandocht,
de mulriem, dy’t er altyd om hat.
20Lit dat it lean wêze dat de Heare myn oanklagers jout,
har dy’t kwea fan my sprekke.
21Mar Jo, Heare, myn God,
doch my sa’t jo eare freget,
rêd my, omdat jo geunst sa goed is.
22Want ik bin ellindich en earm
en myn hert is slim beseard.
23Ik wurd wei as in flechtich skaad
en as in sprinkhoanne wurd ik ôfskodde.
24De knibbels knikke my fan it festjen,
myn lichem is beklonken en útmurgele.
25Ik bin de minsken in reden ta smaad,
se skodholje, as se my sjogge.
26Help my dan, Heare, myn God,
en rêd my, goedgeunstich dat Jo binne.
27Lit dy minsken witte dat dit jo hân is,
dat Jo dit dien hawwe, Heare.
28Lit har flokke, as Jo mar segenje,
lit har ferblikke, mar lit jo tsjinner bliid wêze.
29Lit myn oanklagers mei smaad klaaid wurde,
lit har de mantel fan ’e skande omslein wurde.
30Ik tankje de Heare tige mei myn mûle
en ik bring Him hulde, dat elk it heart.
31Want Hy stiet oan ’e rjochterhân fan ’e earme
en rêdt him út ’e macht fan ’e rjochters.