Betrouwen yn need
1In liet. In psalm fan David.
2Myn hert hat rêst, o God,
myn hert is fêst;
ik sil sjonge en spylje.
3Kom, myn gloarje,
kom, liere en harpe;
ik sil it moarnsrea wekker sjonge.
4Ik wol Jo loovje, Hear, by de folken,
by de naasjes Jo besjonge.
5Want heech as de himel is jo geunst,
oan ’e wolken ta jo trou.
6Lit jo heechheid, God, fier boppe de himel rize,
jo gloarje mei de hiele ierde omfiemje.
7Dat jo beminden rêden wurde;
help mei jo rjochterhân en jou ús antwurd.
8God hat dit yn syn hillichdom sprutsen:
Ik sil triomfearje en Sichem ferlotsje,
de flakte fan Sûkkot sil ik ferpartsje.
9Gileäd is mines, Manasse is mines,
Efraïm is myn helm, Juda myn kommandostêf;
10Moäb brûk Ik as waskkûm,
op Edoms grûn smyt Ik myn skoech,
oer Filistéa klinkt myn oerwinnersrop.
11Wa bringt my nei de fêste stêd
en wa liedt my oant yn Edom?
12Binne Jo it net, God, deselde dy’t ús ferstjitten hie?
Sille Jo, God, net mei ús legers de striid yngean?
13Bring ús help tsjin de fijân,
want minskehelp hat neat te betsjutten.
14Mei God sille wy heldedieden dwaan.
Hy sil ús fijannen ferwâdzje.