Psalmen 110
In keningspsalm
1Fan David. In psalm.
Dit wie de Godsspraak fan ’e Heare oan myn hear:
Gean sitten oan myn rjochterhân,
oant Ik fan dyn fijannen
dij in fuotbank meitsje.
2De skepter fan jo macht
mei de Heare jo oanrikke út Sion wei.
Hearskje middenmank jo fijannen.
3Jo folk stiet klear
de deis dat jo jo macht sjen litte;
yn hillige pronk
stiet de jongerein foar jo ree
as de dauwe út ’e skurte fan ’e dage.
4De Heare hat sward
en it komt Him net te muoien:
Do bist foar ivich pryster
op ’e wize fan Melchisédek.
5De Hear stiet oan jo rjochterhân.
No teplettert Er keningen,
as syn grime losbarst.
6Hy rjochtet de folken,
besieddet de lannen mei liken,
teplettert koppen
op it wide fjild.
7Hy drinkt ûnderweis út ’e beek,
dan kin er de holle wer tille.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap