IT FYFTE BOEK: Psalm 107-150
Wûnders foar minsken dien
1Tankje de Heare, want Hy is goed,
ja, ivich duorret syn geunst.
2Dat moatte sizze, dy’t troch de Heare ferlost binne,
dy’t Er út ’e macht fan ’e tsjinstanner ferlost hat,
3dy’t Er gearbrocht hat út frjemde lannen,
út east en west, út noard en súd.
4Guon fan har swurven yn ’e wyldernis, yn ’e steppe;
de wei nei bewenne oarden koenen se net fine.
5Se krigen honger en noch toarst dêroerhinne,
de kiel wie har suver ferrêde.
6Mar, doe’t se oan ’e Heare rôpen yn har need,
rêde Hy se út har eangsten.
7Hy brocht har de rjochte wei wer op
om yn bewenne oarden te kommen.
8Hja moatte de Heare tankje foar syn geunst
om ’e wûnders, oan minsken dien.
9Want toarstigen hat Er drinken jûn
en hongerigen joech Er sêd.
10Guon sieten yn it tsjuster en it skaad fan ’e dea,
fêstset yn ellindige izers,
11om’t se har tsjin Gods wurden ferset hienen
en de rie fan de Heechste fersmieten;
12yn ’e ellinde makke Er har lytsman,
se foelen, en net ien dy’t har oerein holp.
13Mar, doe’t se oan de Heare rôpen yn har need,
ferloste Hy se út har eangsten.
14Hy fierde har út it tsjuster en it skaad fan ’e dea
en skuorde har boeiens oan stikken.
15Hja moatte de Heare tankje foar syn geunst
om ’e wûnders, oan minsken dien.
16Want koperen doarren hat Er iepen brutsen
en izeren skoattels stikken slein.
17Oaren waarden siik om har eigen ferkeardens
en pleage troch har eigen skuld;
18se walgen fan alle iten
en wienen op stjerren nei dea.
19Mar, doe’t se oan ’e Heare rôpen yn har need,
ferloste Hy se út har eangsten.
20Hy stjoerde syn wurd, dat genies har
en rêde har fan it ferdjer.
21Hja moatte de Heare tankje foar syn geunst
om ’e wûnders, oan minsken dien.
22Tankoffers moatte se bringe
en mei jubel syn dieden ferhelje.
23Wer oaren foeren mei skippen op see,
dreauwen hannel op wide wetters.
24Dy hawwe fan de Heare dieden sjoen
en syn wûnders yn ’e djipte.
25Hy spriek en bestelde in stoarmwyn;
dy jage de weagen omheech.
26Hja riisden himelheech en foelen yn djipten
en joegen de moed ferlern yn sok needwaar.
27Se tommelen en skommelen as in dronken man
en har seemanskeunst wie om ’e nocht.
28Mar, doe’t se oan de Heare rôpen yn har need,
ferloste Hy se út har eangsten.
29Hy liet de stoarm bedarje,
dat de weagen fan ’e see joegen har del.
30Se wienen bliid dat dy belunen,
en Hy brocht har nei de begearde haven.
31Hja moatte de Heare tankje foar syn geunst
om ’e wûnders, oan minsken dien,
32Him heechsette yn ’e gearkomste fan it folk,
Him huldigje yn ’e gearsit fan ’e âldsten.
33Hy makke fan rivieren woestynlân,
fan wetterwellen toarre grûn,
34fruchtber lân feroare Er yn in sâltfjild
fanwegen it kwea fan ’e bewenners,
35mar ek makke Er fan woestinen wetterlân,
en fan toarre grûn wetterwellen.
36Dêr joech Er hongerigen in thús;
dy bouden har in stêd om yn te wenjen,
37se brochten ekers yn ’t sied en leinen wyngerds oan
dy’t har fruchten joegen.
38Hy segene har, dat se machtich waarden
en joech har de romte fan fee.
39Mar waarden se minder en bûgde Er har del
ûnder de druk fan ûnk en wee,
40dan smiet Er ferachting oer de hege lju
en liet har doarmje yn ûnbepade wyldlân.
41Mar earmen tilde Er út ellinde omheech,
Hy liet har geslachten oanwinne as keppels skiep.
42Dat sjogge de oprjochten en binne bliid,
mar alle ûnrjocht hâldt him hjir stil.
43Wa is sa wiis, dat er hjir acht op jout
en de geunstbewizen fan ’e Heare ferstiet?