It ferline fan Israel
1Halleluja!
Tankje de Heare, want Hy is goed,
ja, ivich duorret syn geunst.
2Wa kin de machtsdieden fan de Heare beneame
en syn rom folslein hearre litte?
3Lokkich de minsken, dy’t har oan it rjocht hâlde
en dy’t altyd gerjochtichheid dogge.
4Tink oan ús, Heare, yn jo leafde foar it folk,
sykje ús op mei jo heil,
5dat wy it lok fan jo útkarden sjen meie,
yn ’e blydskip fan jo folk ús ferbliidzje
en mei jo erfdiel ús lokkich priizje.
6Wy hawwe meidien oan ’e sûnden fan ús foarfaars,
wy hawwe mis west en ferkeard dien.
7Us foarfaars yn Egypte sloegen jo wûnders gjin acht,
se tochten net oan jo grutte geunst,
by de Reidsee setten se it tsjin de Heechste yn ’e kant.
8Lykwols hat Er har holpen om syn namme,
om bewiis te jaan fan syn macht.
9Hy bestrafte de Reidsee, dat er droech foel,
Hy late it folk troch it wetter, as wie it in woestyn.
10Hy rêde har út ’e hân fan ’e hater,
kocht se frij út ’e macht fan ’e fijân.
11It wetter bediek har tsjinstanners;
der bleau net ien fan oer.
12Doe leauden se syn wurden
en hja besongen syn lof.
13Mar al gau fergeaten se wat Er dien hie,
se wachten syn help net ôf.
14Slim begearich waarden se yn ’e steppe
en fergen God yn ’e woestyn.
15Doe joech Er har wat se begearden,
Hy twong it har ta boppe sêd.
16Yn it kamp waarden se oergeunstich op Mozes
en op Aäron, de hillige fan de Heare.
17De ierde gong iepen en slokte Datan op
en bediek de binde fan Abiram.
18In fjoer lôge op yn dy binde,
de flam fertarde de sûnders.
19Letter makken se in keal by de Hoareb,
se bûgden har foar in getten byld.
20Sa ferruilen se har hearlike Gloarje
foar it byld fan in gers-itend beest.
21Se fergeaten God, dy’t har rêde
en yn Egypte sokke machtsdieden dien hie,
22wûnderdieden yn it lân fan Cham,
de skriklikste dingen by de Reidsee.
23Doe al woed Er har ferdylgje,
as Mozes, syn útkarde,
net as midsman foar Him stien hie
om syn ferdylgjende grime ôf te kearen.
24It kostlike lân woenen se neat fan witte,
se leauden net yn syn tasizzing.
25Se sieten yn har tinten te wrokjen,
harken net nei de stim fan de Heare.
26Doe swarde Er mei de hân yn ’e hichte,
dat Er har yn ’e woestyn ferdylgje soe,
27har neiteam ûnder de folken ferdiele
en har yn oare lannen ferstruie.
28Ek mei Baäl-Peör joegen se har ôf;
hja ieten it offermiel foar de deaden.
29Troch har dieden ha se Him sa ferge,
dat der briek in pleach by har út.
30Mar doe’t Pinechas oerein kaam om te rjochtsjen,
hâlde dêrmei de pleach ek wer op.
31Him is it as gerjochtichheid oanrekkene
fan âlder op âlder, foar ivich.
32By it wetter fan Meriba ha se Him terge,
dat om har moast Mozes it belije,
33want dy gong him yn wurden te bûten,
sa hienen se him ferbittere.
34Likemin ha se de folken ferdylge,
dy’t de Heare har oanwiisd hie.
35Se fermongen har mei dy naasjes
en har praktiken namen se oer:
36se hawwe har ôfgoaden tsjinne
en rûnen sa yn ’e fâle.
37Se brochten har soannen as offers
en har dochters ek oan demoanen.
38Sa fergeaten se ûnskuldich bloed
en it lân waard skeind troch bloedskuld.
39Se waarden ûnrein troch har wurken
en bedreauwen ûntucht troch har dieden.
40Doe lôge de grime fan de Heare op tsjin syn folk
en Hy walge fan syn eigen erfskip.
41Hy joech se yn ’e macht fan ’e folken
en har haters waarden har oermânsk.
42De fijannen hawwe har knoeid
en se moasten bûge foar har macht.
43Wit-hoe-faak hat Er har wer rêden,
mar se bleauwen rebelsk tsjin syn ried;
dat sa tarden se wei yn har skuld.
44Dan seach Er wer nei har need,
as Er har kriten wer hearde.
45Hy tocht ta har bêst oan syn bûn,
it dearde Him oan yn syn grutte geunst.
46Hy liet har wer erbarming fine
by al dy’t har fuortfierd hienen.
47Jou ús útrêding, Heare, ús God,
bring ús byinoar út alle folken.
Dan tankje wy jo hillige namme
en bringe Jo bliid ús lof.
48Heech te priizjen is de Heare, de God fan Israel,
fan ivichheid oant ivichheid.
It hiele folk moat der amen op sizze.
Halleluja!