Skriuwer, lêzers, groetenis
1Fan Paulus en Timóteüs, tsjinstfeinten fan Kristus Jezus. Oan alle hilligen yn Kristus Jezus, te Filippy en oan har opsjenners en diakens. 2Genede en frede mei jimme jûn wurde fan God ús Heit en de Hear Jezus Kristus.
Paulus bidt foar de kristenen te Filippy
3Ik bring tank oan God, sa faak as ik oan jimme tink. 4Ja, altiten weroan as ik foar jim allegearre bid, doch ik dat mei blydskip, 5om’t jimme meidien hawwe oan it bringen fan it bliid boadskip, fan ’e earste dei ôf oant no ta. 6Want ik bin der wis fan, dat Hy dy’t in goed wurk yn jimme begûn is, dêr mei trochgean sil oant it klear is, de deis fan Kristus Jezus. 7It leit yn ’e reden dat ik sa oer jimme allegearre tink, om’t ik jimme yn it herte draach. Jimme hawwe ommers allegearre diel oan ’e genede dy’t my jûn wurdt, ek no’t ik fêst sit en it bliid boadskip ferdigenje en befêstigje. 8God kin derfoar ynstean hoe’n langst oft ik nei jimme allegearre haw, mei de ynlikens dy’t Kristus Jezus my jûn hat.
9En hjir bid ik om: dat jimme leafde noch oerfloediger wurde mei troch kennisse en alle goed oanfielen, 10om ûnderskiede te kinnen wêr’t it om giet. Dan sille jimme suver en ûnbesprutsen wêze foar de dei fan Kristus. 11Dan sille jimme mear as ôfladen wêze mei de fruchten dy’t de rjochtfeardigens opsmyt en dy’t te tankjen binne oan Jezus Kristus, ta eare en lof fan God.
Foar my is de sin fan it libben: Kristus
12Ik wol dat jimme fan my fernimme, bruorren, dat wat my oerkommen is krekt op befoardering fan it bliid boadskip útrûn is. 13Oan alle minsken by de rjochtbank en oan alle oaren is it no dúdlik wurden, dat ik fêst sit om ’e wille fan Kristus. 14En de measte bruorren hawwe no, trochdat ik fêst sit, betrouwen yn de Hear krige om it namstemear te weagjen it wurd fan God ûnferfeard te sprekken. 15Guon ferkundigje Kristus om’t se oergeunstich binne en my net lije meie, mar oaren dogge dat mei goede bedoelings. 16Dy dogge it út leafde, om’t se witte dat ik hjir sit om it bliid boadskip te ferdigenjen. 17Mar dy oaren ferkundigje Kristus út eigenbelang en net mei goede bedoelings. Se miene dat se it sa noch swierder foar my meitsje dat ik fêst sit.
18Mar wat soe dat? Sa wurdt krekt oer alle boegen Kristus ferkundige, mei of sûnder bybedoelings. Dêr bin ik bliid om. En ik sil dêr ek bliid om bliuwe. 19Want ik wit, dat sil útrinne op myn ferlossing, om’t jimme foar my bidde en de Geast fan Jezus Kristus my helpt. 20Ik longerje en hoopje derop, dat ik yn neat beskamme weikomme sil, mar dat Kristus iepentlik yn myn persoan ferhearlike wurde sil, no likegoed as altiten, oft ik yn ’t libben bliuw of stjerre moat. 21Foar my is libjen ommers Kristus en stjerren winst. 22Mar as ik noch yn ’t libben bliuw, kin ik wurkje mei frucht. Wat moat ik dan foar kar nimme? Ik wit it net. 23Fan beide kanten wurdt der oan my lutsen: Ik haw langst om hjir weinommen te wurden en by Kristus te wêzen, want dat is fierwei it bêste. 24Mar jimme hawwe der sa’n ferlet fan, dat ik hjir noch wat bliuw. 25En omdat ik dêr wis fan bin, wit ik dat ik hjir bliuwe sil. Ik sil by jimme allegearre bliuwe om jimme sa foarút te helpen en bliid te meitsjen yn it leauwen. 26It is myn bedoeling dat jimme nammerste mear grut gean sille op Kristus Jezus, troch myn persoan, as ik wer by jimme bin.
27Mar ien ding: jimme moatte jim sa hâlde en drage dat it strykt mei it bliid boadskip fan Kristus. Dan sil ik, oft ik jimme no opsykje kin of net, oer jimme hearre, dat jimme ien fan geast hoekhâlde en ienriedich mei-inoar opkomme foar it leauwen yn it bliid boadskip 28en jimme yn neat bangmeitsje litte troch de tsjinstanners. Dat is foar harren in teken, dat se ferlern geane, mar dat jimme behâlden wurde. Sa komt it fan God. 29Want jimme hawwe it foarrjocht krige om foar Kristus te striden, net allinnich om yn Him te leauwen, mar ek om foar Him te lijen, 30jimme en ik, wy steane yn deselde striid. Dy hawwe jimme fan my sjoen en dêr hearre jimme no oer.