Alden en bern
1Bern, harkje nei jimme âlden om’t de Hear it sa hawwe wol, want sa heart it neffens rjocht. 2Earje jimme heit en mem, dat is it earste gebod mei in tasizzing derby: 3dan sil it dy goed gean en silsto lang libje op ierde. 4Heiten, meitsje jimme bern net balstjurrich, mar bring se grut mei de kristlike tucht en fermoanning.
Slaven en masters
5Slaven, doch wat jimme ierdske masters sizze, mei earbied en ûntsach, sûnder dûbelhertigens, net liker as tsjinnen jimme Kristus.
6Net om har nei de eagen te sjen en om by minsken yn ’e geunst te kommen, mar as slaven fan Kristus dy’t mei ynmoed dogge wat God wol. 7Doch jimme wurk blierhertich, net liker as tsjinnen jimme de Hear en net minsken. 8Jimme witte ommers dat elk, oft er no slaaf is of frij man, as er wat goeds docht, dêr fan de Hear syn lean foar bart. 9En jimme, masters, behannelje jimme slaven op deselde wize, driigje har net, om’t jimme witte dat sij en jimme fan deselde Hear yn ’e himel binne en Hy lûkt net ien foar.
De striid tsjin it kwea
10By einsluten, sykje jimme sterkte yn ’e Hear en syn grutte macht. 11Ris jimme út mei alle wapens dy’t God jout, om de glûpske streken fan ’e duvel stean te kinnen. 12Want ús striid giet net tsjin minsken fan fleis en bloed, mar tsjin ’e machthawwers, de oerheden, tsjin ’e wrâldbehearskers fan dizze tsjustere tiid, tsjin ’e boppe-ierdske kweageasten.
13Gryp dêrom nei alle wapens dy’t God jout, om, as de kweade dei komt, jim ferwarre te kinnen en, nei’t jim de hiele opdracht útfierd hawwe, hoek te hâlden. 14Stean dus klear. Doch de wierheid as gurle om ’e mul, lûk de gerjochtichheid oan as in harnas. 15Mei oan ’e fuotten de reewilligens om it bliid boadskip oer de frede te bringen. 16Draach dêr it leauwen by as skyld; dêr sille jimme alle gleone pylken fan ’e kweade mei doovje kinne. 17Set it heil as in helm op ’e holle en nim as swurd fan ’e Geast it wurd fan God.
18Bliuw by al jimme bidden en smeekjen freegjende troch de Geast. Wês dêrta altiten wach en jou it noait net oer. Bid altiten foar alle hilligen. 19Bid ek foar my, dat my it goede wurd jûn wurde mei as ik de mûle iepen doch om frijmoedich it geheim fan it bliid boadskip bekend te meitsjen. 20Foar dat bliid boadskip bin ik in gesant, al sit ik no yn ’e boeiens. Bid dêrom dat ik dêr frijmoedich fan sprekke mei, sa’t myn plicht is.
Lêste groetenis
21Ik wol dat jimme witte hoe’t it mei my giet en wat ik doch. Dat allegearre sil Tychikus, ús leave broer en trouwe help yn it wurk fan de Hear, jimme fernije. 22Krekt mei dat doel stjoer ik him nei jimme ta, dan hearre jimme hoe’t it der mei ús foar stiet en kin er jimme moed ynsprekke.
23Dat frede, leafde en boppedat leauwen de bruorren jûn wurde mei fan God de Heit en de Hear Jezus Kristus. 24De genede wês mei allegearre dy’t ús Hear Jezus Kristus ûnfergonklik leafhawwe.